Us kandidaten:
Gerda de Vries                    
 
 
      Nr. 1:
Gerda de Vries - Suierveld

Wenplak:
De Jouwer

"Regels moatte nut ha, oars skrasse! Jou minsken lucht om te libjen en te ûndernimmen."

De eveneminten yn de Fryske Marren wurde benammen troch frijwilligers organisearre. Dy wurde oerstjalpe mei regels. De FNP wol minder regels foar eveneminten en de fergunning- oanfraach moat makliker makke wurde.
 
 
Jan Volbeda                    
 
 
      Nr. 2:
Jan Volbeda

Wenplak:
Aldegea

"Thús yn de Fryske Marren!"

We wenje al mear as 60 jier yn it moaiste part fan ús provinsje. Romte, natoer, wenje en wurkje. Mei genôch ferdivedaasje en noflike minsken. Hjir fiel ik my thús en dat wol ik graach sa hâlde.
 
 
Jeltsje Piersma
 
 
      Nr. 3:
Jeltsje Piersma

Wenplak:
Nijemardum

"De romte is ús goud. De grûn is ús sulver: hâld de ierde skjin."

We wolle it karakteristike kultuerlânskip behâlde; wat is moaier as it sjen fan de iepenens/widens fan it lânskip. Je begjinne rommer te azemjen!
Frij azemje is like wichtich foar alle libben ûnder de grûn. De doarpen op de hege sângrûnen, Aldemardum, Wikel en sa meie net lije ûnder de leeljeteelt. Der moat in ein komme oan de sproeierij mei gefaarlike stoffen. Dat jildt likegoed foar de ynwenners dy’t har paden besproeie!
 
 
Jochum Meester
 
 
      Nr. 4:
Jochum Meester

Wenplak:
Sint Jut

"Fan ûnderen op! Beslútfoarming tichtby de minsken."

Dit is ien fan de 7 kearnwearden fan de FNP en sprekt my bot oan. Ik bin fan miening dat minsken belutsen wurde moatte by beslútfoarming yn har eigen regio, en fan it begjin oan ‘e ein op in goede wize meinommen wurde moatte.
Sûnt ik yn Sint Jut wenje ha ik by meardere ferieningen en mei meardere organisaasjes lykas de Oranjeferiening frijwilligerswurk dien. Ek fan dêrút is my wol dúdlik wurden dat de ynwenners fan in streek sels as ien fan de bêsten witte wat der barre moat en op watfoar wize. Dat moat net fan boppe ôf oplein wurde troch minsken dy't der folle minder sjoege fan ha. Op dy wize kreëarje je ek nochris it bêste draachflak!
 
 
Remboud van Iddekinge
 
 
      Nr. 5:
Remboud van Iddekinge

Wenplak:
De Lemmer

"Wenje wêr’t wy wenje wolle."

In plak, in wenning, in thús is in earste libbensbehoefte. De lêste tsien jier liket dy funksje feroare yn in belizzingsbehoefte. It is gewoanwei net mear mooglik in thús te finen as starter, of sels as trochstarter in kâns te krijen yn dizze wenningmerk.
In oerheid moat op 'e eftergrûn operearje. Mar, at it echt nedich is, ek yngripe. En it is no echt nedich. De gemeente hat de taak, de opjefte, om har ynwenners (jong en âlder), op elke mooglike wize te stypjen at it giet om wenjen. Dat wol ik mei faasje feroarje yn in breed oanfalsplan wenten!
 
 
Wouter Wouda
 
 
      Nr. 6:
Wouter Wouda

Wenplak:
De Jouwer

"De romte is ús goud"

Foar my romte omdat ik bepaalde sichtlijnen hâlde wol yn it lânskip. Frije sichtlijnen, mar ek histoaryske.
Troch sterke lanlike ynflaasje, moat der ek mear oandacht komme foar minsken mei in lytsere beurs. Ynwenners moatte de mooglikheid krije, om harren gemeentelike belêsting te beteljen yn 8 of 12 terminen. Yn it algemien moatte regels nut ha, oars skrasse! en jou minsken lucht om te libjen en te ûndernimmen.
 
 
Wiebe Hoekstra
 
 
      Nr. 7:
Wiebe Hoekstra

Wenplak:
Sint Jânsgea

"Wiis mei eigen monuminten en kultuer. We kinne grutsk wêze op ús ferline."

Mei in goed gemeentlik monumintenbelied litte we sjen dat we grutsk wêze kinne op ús ferline. Sa bliuwe we in oantreklike gemeente om yn te wenjen en yn te rekreëarjen. Jou dêrneist ek it Frysk in lykweardich plak njonken it Nederlânsk. Ek dat is ynklusyf. It is dêrnjonken ús âldste erfguod. It Frysk ymmaterieel erfguod yn kombinaasje mei it materieel erfguod jout ús in eigen en fertroud gesicht.
 
 
Sander Mollema
 
 
      Nr. 8:
Sander Mollema

Wenplak:
Nijemardum

"Fan ûnderen op!"

Stean iepen foar ideeën en fragen fan ynwenners fan ús doarpen en stêd en belûk se by plannen en besluten.
 
 
Janke de Vries
 
 
      Nr. 9:
Janke de Vries

Wenplak:
Dunegea

"Wy libje yn solidariteit."

Jongeren, âlderen, minsken dy’t harsels net goed rêde kinne en minsken mei in smelle beurs ha ferlet fan ekstra omtinken. De gemeente kin helpe troch iensumens en sûnens oan te pakken. Ek foar de feiligens fan minsken moat noed stien wurde. Elkenien moat yn De Fryske Marren wêze kinne wa’t hy/sy is.
 
 
Jelmer Quartel
 
 
      Nr. 10:
Jelmer Quartel

Wenplak:
De Jouwer

"Wenje wêr't wy wenje wolle! "

Om my hinne hear ik in soad minsken oer it wenningtekoart. Dat binne benammen starters dy't gjin gaadlik hûs fine kinne. Der binne hast gjin of hielendal gjin (betelbere) keap- of hierhuzen te krijen en dat liket allinnich mar slimmer te wurden. Mei it Oanfalsplan Wenjen fan de FNP moat in betelber en gaadlik hûs foar elkenien wer tagonklik wêze.


Nr. 11 oant 'e mei nr. 32:

11. Chris van Hes, De Jouwer
12. Auke Swart, Balk
13. Baukje Miedema, Murns
14. Harry de Wolff, Aldehaske
15. Durk Durksz, Vegelinsoard
16. Arjen de Ree, De Jouwer
17. Auke Bijlsma, Terherne
18. Wijtze Boomsma, Balk
19. Geert van der Schaaf, Langwar
20. Sibbele Sikkes, Terkaple
21. Piet Salverda, Aldemardum
22. Janke de Jonge-Kampen, Sint Nyk
23. Gerrit Meinema, De Lemmer
24. Hein Boersma, Sint Nyk
25. Kees van Strien, Balk
26. Elly Bouwhuis, De Jouwer
27. Jan Westra, Sint Nyk
28. Herke Bijker, Ousterhaule
29. Jan Hettinga, Aldehaske
30. Egbert de Jong, Sint Nyk
31. Tjepke van der Honing, De Jouwer
32. Johannes van der Pal, De Lemmer

 





































































































































































































2022 FNP Fryslân - Disclaimer