Program FNP DFM 2018-2022

De FNP set him as politike partij yn foar alle ynwenners fan ús moaie gemeente De Fryske Marren. De FNP is selsstannich en oars as oare partijen kin de FNP yn alle frijheid opkomme foar de belangen fan De Fryske Marren (de FNP is gjin filiaal fan Haachske partijen). De FNP is likegoed wol fertsjinwurdige yn De Haach troch gearwurking mei oare partijen yn de OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie), dy‘t in sit yn de Earste Keamer hat. Fierder wurket de FNP yn de EFA (European Free Alliance) ek gear mei oare regionale partijen yn Europa. Foarop stiet lykwols, dat de FNP útgiet fan de eigen krêft fan Fryslân en De Fryske Marren.

Kearnwearden FNP

 

De 7 kearnwearden fan de FNP

 

Demokrasy: De FNP fynt dat de macht oer de oerheid fan it folk is. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer.

 

Federalisme: De FNP stiet in steatsynrjochting foar dy't minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen libbensromte safolle mooglik sels stal te jaan. De FNP wol mear foech nei de provinsjes, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân.

 

Ynternasjonalisme: De FNP siket nei wat minsken bynt en sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûgingen steane dêrby sintraal.

 

Taal en kultuer: Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr't ek oare talen en kultueren respektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it Bildts en it Stellingwarfs.

 

Undernimmerssin: De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmerskip de romte jaan, dat minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen.

 

Solidariteit: De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de kant komt te stean.

 

Duorsumens: De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Yn stee fan potfertarre siket de FNP nei ekonomyske besteansfoarmen dy't in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen.

 

Algemien

 

De gemeente De Fryske Marren is no fjouwer jier ûnderweis. Fierdere skaalfergrutting is net oan de oarder wat de FNP De Fryske Marren oanbelanget. De krêft fan in gemeente hinget net ôf fan de grutte, mar fan de kwaliteit fan it bestjoer en it amtlik apparaat. Sjoen de skaal fan de gemeente freget kommunikaasje tusken de gemeente en har boargers alle oandacht. De FNP wol him sterk meitsje foar in noch bettere kommunikaasje. Temajûnen as politike bewustwurding, ‘gast fan de ried' en stêd-, doarps- en wykbesites kinne helpe om de lokale demokrasy te fersterkjen en de boargers mear by de polityk te belûken.

 

In kwalitatyf goede gemeente hat in amtlik apparaat nedich dat goed taret is op har taken. Ferjonging en fleksibilisearring en in libben lang leare, hearre dêr by.

 

De servicepunten en miljeustrjitten yn Balk en op ‘e Lemmer bliuwe bestean.  

 

Romtlike oardering, lânskip en iepen romte

 

De FNP stiet foar hege kwaliteit fan de romte fan De Fryske Marren. De iepenheid dy't grutte parten fan ús gemeente kenmerket wolle wy hâlde, lykas it gloaiende lânskip en de bosken. Lânskiplike diversiteit, dêr moatte wy sunich op wêze en ferantwurde mei omgean. Ekstra wenten en yndustry yn it bûtengebiet wol de FNP net tastean.

 

Ut ûndersyk nei de bedriuwsterreinen docht bliken dat der no al genôch romte beskikber is yn de provinsje. Der is gjin ferlet fan kwantiteit, mar wol fan mear kwaliteit. Yn ús gemeente giet de FNP foar opknappen fan ferâldere bedriuwsterreinen.  

 

Natuer en miljeu.

De FNP stipet inisjativen om mear bioferskaat te realisearjen. Bygelyks troch blomme-linten of bijegreiden oan te lizzen en te soargjen foar in ferskaat oan beamme- en plantesoarten. De lânbou spilet hjir in wichtige rol yn. It ynsetten belied mei ekologysk bermbehear en de ferskraling fan berms fine wy in goede ûntwikkeling. 

 

Ljocht yn it bûtengebiet.

Tsjuster is in kearnwearde foar in kwalitatyf goede leefomjouwing. Ljochthinder troch bedriuwsgebouwen, reklame, stâlen en eventueel strjitferljochting moat foarkaam wurde. De FNP wol dat in ljochtbeliedsplan makke wurdt. De FNP wol dat de gemeente har aktyf ynset om de ljochthinder fan de wynmûnen yn de Noordoostpolder en Iselmar te beheinen.

 

It Hotelplan oan de Langwarder Wielen/ A7 is noch hieltyd net ûntwikkele. As it bestimmingsplan opnij fêststeld wurdt dan fynt de FNP fynt dat dit plan hielendal skrast wurde moat. Dizze iepen romte ek iepen hâlde! 

 

Oandachtspunten 

Foto 1

 

  • Iepenheid lânskip behâlde
  • Ferâldere en fertutearze bedriuwsterreinen oanpakke
  • Oanlis fan blommelinten en bijengreiden
  • Ljochtbeliedsplan opstelle om ljochthinder yn it bûtengebiet tsjin te gean. 

 

Miljeu, duorsumens en enerzjy  

 

Neffens de FNP moatte wy ynsette op in sirkulêre ekonomy. Mei grûnstoffen dy't salang mooglik yn omrin bliuwe en produkten dy't oan it ein fan har libben wer as grûnstof tsjinje kinne foar wat nijs. De gemeente kin hjir it goede foarbyld jaan troch sirkulêr produsearre produkten yn te keapjen. Fierder ûndersiket de gemeente wat foar stappen der noch mear yn har fermogen lizze om mear beweging op gong te bringen rjochting in ‘ekonomy fan it sûne ferstân'.

Underdiel fan de sirkulêre ekonomy is duorsumens. Duorsumens is in saak fan ús allegearre: ynwenners, gemeente, organisaasjes en bedriuwen. Miljeu- en enerzjy bewust hanneljen is de fanselssprekkende noarm. De gemeente stimulearret duorsum hanneljen en it brûken fan alternative foarmen fan enerzjy. De FNP wol gjin leezjes heffe op enerzjyneutraal (fer)bouwen.

Troch besparjende maatregels te treffen is noch in soad te winnen. Dat is goed foar it miljeu, de ponge en ek de wurkgelegenheid. Om ûnder oare dy reden wol de FNP it enerzjy projekt ‘Tûk wenjen' trochsette en útbouwe. Doarpen en enerzjykoöperaasjes stypje by it opsetten fan alternative/desintrale opwekking fan enerzjy.

Dêr neist kinne ek oare foarmen benutten wurde, lykas ierdwaarmte of geotermy. Yn dit stik fan saken past gjin gas- of skalygaswinning. De FNP ûnderskriuwt it belied fan de gemeente dit oangeande fan herten.  

 

Duorsumens giet om mear as enerzjy. It giet ûnder oare ek om it sunich brûken fan it beskikbere en sûne wetter. De FNP wol derom befoarderje dat reinwetter brûkt wurdt dêr wêr't it kin, bygelyks by it trochspielen fan de húskes. En it ûnderbringe by it projekt Tûk Wenjen.  

 

De FNP wol net mear grutte wynmûnen yn de gemeente hawwe dan dat der no al binne. Better is om te ynvestearjen yn wynparken op see.  

 

De dakken fan de gebouwen moatte safolle mooglik brûkt wurde om sinne-enerzjy op te wekken (sa kin asbestsanearring ek in triuw yn de goede rjochting krije). Doarpen/enerzjykoöperaasjes kinne dêr yn meidwaan. Mei dy doarpen en enerzjykoöperaasjes kin ek besjoen wurde yn hoefier lytse sinneparken passend by aard en karakter by doarpen oanlein wurde kinne. Grutte parken fan bygelyks kommersjele partijen skeine it lânskip te bot en nimme tefolle lânbougrûn en iepen romte yn.  

 

As it oan de FNP leit giet de gemeentlike organisaasje yn de kommende riedsperiode folslein oer op duorsume enerzjy. De gemeente kompostearret harren eigen grien en brûkt dat op eigen grûn. Kompostearjen fan it eigen grien fan partikulieren wurdt stimulearre.  

 

Leechfleanrûtes fleanfjild Lelystêd

Us gebiet mei net (ûnnedich) de dupe wurde fan de lûdsoerlêst troch fleanmasinen. De gemeente makket har sterk dat in nije ferdieling fan it loftrom sa gau mooglik plak fynt. Dêr troch sille fleantugen earder en langer heger fleane kinne. De FNP sjocht wol kânsen dy't Lelystad Airport biede kin wat wurkgelegenheid oanbelanget.   

 

Oandachtspunten

Foto 2
  • Gjin leezjes heffe by duorsum (fer)bouwe 
  • Sirkulêre ekonomy stimulearje: oer 4 jier 15 % sirkulêr ynkeapje 
  • Yn aksje foar it omheech bringen fan de leechfleanrûtes Lelystêd 
  • ‘Bertebeam' foar lytse poppen wer ynfiere 

 

Soarch en wolwêzen - it Sosjale Domein  

 

It sosjale domein is foar Friezen fan âlds it doarp. Dat wol sizze in omjouwing wer't minsken har thús fiele, har memmetaal prate en inoar in goeie dei ta winskje. Men rint der net samar oan inoar foarby, sjocht nei-inoar om. Wy wolle dy doarpse omgong yn ús stêd en doarpen bewarje. Elk, jong en âld, fynt dêr syn plak en kin meidwaan. De gemeente stipet dêrom kultuer en sport. In sûne mienskip is de basis foar in sûn libben fan ús ynwenners. 

 

Binne der problemen dan moat der holpen wurde. It komt oan op tidige signalering en it ynskeakeljen fan de goede help. Dúdlik moat wêze hokfoar help der mooglik is en wêr't je dan wêze moatte. De FNP wol dêrom ta nei in digitaal burgerportaal mei alle ynformaasje sadat it makliker wurdt, foar wa 't dat wol, saken sels út te sykjen en sels de regy te nimmen. Ek moat it mooglik wurde in regynimmer oan te wizen en te machtigjen. Foar wa't it digitale burgerportaal net tagonklik is moat der in leechdrompelige tagong wêze ta persoanlik kontakt mei de gemeente. 

 

Wichtich binne dan de sosjale wykteams. Dêr wurkje kundige minsken yn gear út de wrâld fan soarch en wolwêzen. De húsdokter kin dêryn struktureel belutsen wêze.  

 

Om help op maat biede te kinnen hawwe professionals baat by in mienskiplik digitaal dossier (dêr't de helpfreger sels foech oer hat). Dêrmei foarkom je dat ynstânsjes lâns inoar hinne wurkje.  

 

Oandachtspunten

  • in digitaal burgerportaal dat minsken yn steat stelt sels har saken te regeljen
  • in digitaal dossier dat helpferlieners yn steat stelt goed gear te wurkjen  

 

Wenjen  

 

De Fryske Marren is in oantreklike gemeente om yn te wenjen en dat moat ek sa bliuwe. It wenklimaat moat op oarder bliuwe troch oandacht en soarch foar de iepenbiere romte en it berikber bliuwen fan foarsjenningen.   

 

Demografyske ûntwikkelingen as fergrizing hawwe konsekwinsjes en dêr moat op ynspile wurde mei in wenningboubelied op maat en in fariearre wenningoanbod. It langer selsstannich thús wenjen kin better previntyf oan de oarder komme as der noch gjin (grutte) problemen binne. Mei de wenkorporaasjes wurdt oerlein om hjir sa goed en gau as mooglik op yn te spyljen. De FNP wol jongerein stypje om in passende wenning op in passend plak te realisearjen. Soks kin bygelyks troch tydlike wenningen ta te stean, dit yn oerlis mei de wenningkorporaasjes.  

 

Wenningbou yn lytse kearnen moat, as der oanwiisber fraach nei is, mooglik bliuwe.   

 

By fundearringsskea troch djipte ûntwettering moatte de belangen fan ús ynwenners goed boarge wêze. De gemeente behertiget dit by provinsje en wetterskip.   

Foto 3


Oandachtspunten

  • Wenningbou yn de doarpen net op slot sette
  • (Tydlike) wenningen foar jongerein 

 

Sport  

 

Sport en beweging is fan grut belang foar jong en foar âld. Net allinne as ûntspanning, mar foaral ek fanwegen de sûnens. Boppedat hat sport in binende rol en bringt it libben yn de mienskip. It programma JOGG (Jongeren op gezond gewicht) is ynfierd yn de gemeente. De FNP wol de JOGG oanpak útrôlje oer de hiele gemeente.

Soargje dat de beweechcoaches breder bekend wurde en dat alle sportferienigingen, skoallen fan de ekspertize gebrûk meitsje kinne om safolle mooglik bern en ek âlderen oan it sporten te krijen. Sport moat leechdrompelich en betelber wêze, sadat elkenien meidwaan kin.  

 

Oandachtspunten

  • Bewege stimulearje by jong en âld.  


Underwiis  

 

Kwaliteit fan it ûnderwiis stiet by ús foarop. Goed ûnderwiis foar elkenien dat berikber en beskikber is. Krimp fan it oantal learlingen slacht aardich ta yn De Fryske Marren. Minder skoallen is it gefolch. De FNP ropt skoalbestjoeren fan iepenbier en bysûnder ûnderwiis op om gear te wurkjen om in goede sprieding oer de gemeente te hâlden. Behâld fan in skoalle draacht by oan de leefberens fan in doarp.

Foar de FNP is it fanselssprekkend dat bern de kâns krij har meartalich te ûntwikkeljen. Trijetalige skoallen, dêr't Nederlânsk, Frysk en Ingelsk bewust in kwalitatyf goed plak krije, hearre ornaris ta de bêsten. De FNP stribbet der nei dat foar alle bern trijetalich ûnderwiis berikber is. De meartalige ûntwikkeling dy't al by de pjutteboartersplakken begjint, moat trochgean yn in trochgeande learline fan pjutteboartersplak oant universiteit. 

 

Foto 4

Oandachtspunten

  • Trijetalich ûnderwiis berikber foar elk bern 

 

Taal en kultuer  

 

De leefomjouwing wurdt foar in grut part mei bepaald troch kultuer en taal. Kultuer yn de brede sin fan it wurd soarget foar kreativiteit en bringt minsken by inoar. Derom moat dielname hjir oan leechdrompelich wêze. Mei mienskipssin en subsydzje kin dit troch gean. In soad ferienigingen meitsje gebrûk fan doarpshuzen / wyksintra, mei-inoar drage se sa by oan de leefberens. De kulturele aktiviteiten hawwe ek in útstrieling nei de toerist. Eveneminten lûke ommers in soad minsken. De FNP is fan betinken dat de regels foar sokke eveneminten sa ienfâldich mooglik wêze moatte.  

 

Yn De Fryske Marren is it brûken fan it Frysk noch regel. De gemeente giet hjir royaal yn mei en brûkt it Frysk aktyf. Soks is in erkenning en docht rjocht oan it Frysk as twadde rykstaal. It brûken fan it Frysk is regele yn de nota Frysk taalbelied en fêstlein yn it konvenant Frysk. Nije ynwenners fan ús gemeente krije, om har aktyf yn de twataligens te beheljen, in wolkomspakket mei in Fryske flagge en de mooglikheid om fergees in kursus Frysk te folgjen by de Afûk.   

 

Oandachtspunten

  • In aktyf belied fiere oangeande it brûken fan it Frysk
  • Nije ynwenners fan de gemeente krije in Frysk wolkomspakket 
  • Minder regels foar eveneminten en ienfâldiger oanfraach  

 

Ferkear en ferfier  

 

De FNP is foar de oanlis fan fytspaden, sa dat de skoalgeande jeugd feilich de skoalle berikke kin. Dus sa folle mooglik skieding fan swier ferkear en fytsers. Fytspaden drage boppedat ek by oan in rekreatyf doel.   

 

As it Knooppunt De Jouwer klear is dan wol de FNP de Tolhúsbrêge ôfslute foar trochgeande frachtferkear en dermei it sintrum fan De Jouwer feiliger en oantrekliker meitsje.  

 

Akwadukt Skarsterrien. De FNP sil net neilitte om by elke mooglike gelegenheid te wizen op de needsaak fan en te pleitsjen foar in akwadukt ûnder de Skarsterrien.  

 

De N359 (rûnwei) troch De Lemmer wurdt no opwurdearre. As út de evaluaasje bliken docht dat der gjin substansjele ferbettering is, dan pleitet de FNP wer foar in akwadukt ûnder de Sylroede troch.   

 

It rûntsje Dok op ‘e Lemmer, dat troch de ynwenners en toeristen bot wurdearre wurdt, soe noch mear ta syn rjocht komme as de Koartestreek yn de simmerperioade autofrij is.  

 

De FNP is foar in doelmjittich iepenbier ferfier op ús plattelân. It besteande nivo wolle wy yn elk gefal yn stân hâlde. By ûnrendabel iepenbier ferfier kieze wy foar alternativen troch ferskillende foarmen by inoar te bringen. Tink oan belbussen, WMO, skoalferfier. Wy fine dat lokale inisjativen stipe krije moatte. Yn dit stik fan saken gearwurking mei de provinsje sykje.  

 

De FNP is fan betinken dat rekreaasje en toerisme by Terherne net lije meie ûnder de farwei nei It Hearrenfean. Dat is no wol it gefal, dus der moat socht wurde nei in alternative rûte. Rekreaasje en toerisme is foar ús gemeente in belangrike faktor, foaral ek by Terherne.  

Foto 5

 

Oandachtspunten

  • Oanlis nije fytspaden foar skoalbern en toeristen 
  • De Koartestreek simmers autofrij 
  • Tolhúsbrêge De Jouwer: ôfslute foar trochgeand frachtferkear
  • Feilige farrûte by Terherne 

 

Stêd- / doarpsfernijing en monuminten  

 

Stêds- en doarpsfernijing soarget der foar dat de doarpen, stêd en wiken by de tiid bliuwe wat de ynrjochting oangiet. De FNP is fan betinken dat dit troch gean moat. De Fryske Marren makket in nije list fan doarpen, wiken dy't de kommende jierren in opknapbeurt fertsjinje. 

 

Ryksmonuminten wurde goed beskerme troch de monumintenwet. De FNP wol gemeentlike monuminten, âlde en/of karakteristike gebouwen better beskermje. It belied moat op oarder brocht wurde. In goed monumintenbelied is ek goed foar rekreaasje en toerisme. 

 

Oandachtspunten

  • List meitsje fan op te knappen doarpssintra
  • Gemeentlik monuminten belied opstelle om gemeentlike monuminten te behâlden  

 

Ekonomy

 

It MKB.

In grutte ekonomyske krêft fan ús gemeente sit yn it MKB. In grut pluspunt fan sokke bedriuwen is dat jild dat dêr fertsjinne wurdt faak yn de regio bliuwt. Goed foar De Fryske Marren en har ynwenners. In sûn MKB kin liede ta it oannimmen fan mear personiel.

De gemeente kin dit stimulearje troch by it útbesteegjen fan wurk lokale danwol regionale ûndernimmers útnûge wurde. As regels dit yn de wei steane, dan sykje nei kreative (en legale) oplossingen om it wol foar inoar te krijen.

De gemeente is partner fan it bedriuwslibben en besiket de regeldruk safolle mooglik te beheinen. De FNP stribbet dernei om (lytse) bedriuwen te behâlden foar de doarpen, troch se beheinde útwreidingsmooglikheden te jaan. Sa dat se noch passe by de aard en skaal fan it oanbelangjende doarp. Hjir is maatwurk op syn plak, omdat gjin doarp gelyk is.   

 

Lânbou

Ek lânbou is yn ús gemeente in belangrike ekonomyske aktiviteit. Boeren soargje foar wurk, iten en in leefber plattelân. Lânbou moat de romte krije om yn te spyljen op nije ûntwikkelingen, mar wol mei respekt foar de omjouwing en de natuer. In duorsume, natuerynklusive en oan grûn bûne lânbou is foar ús de noarm. Dus in lânbou dy't bydraacht oan bioferskaat, sûne boaiem, sûn (grûn)wetter. De FNP ferwachtet fan de gemeente in aktive rol en ynspirearjende en motivearjende hâlding as it giet om duorsume lânbou en maatskiplik ferantwurde ûndernimmen.    

 

De FNP fynt dat gewaaksbeskermingsmiddels, sa as dy by ferskate foarmen fan ikkerbou tapast wurde, net brûkt wurde meie flakby wenningen of doarpen. Tusken it bouperseel en wenningen dêrom in buffersône ynrjochtsje, wêryn it ferbean is boppesteande middels te brûken. 

 

By grutter wurdende bedriuwen mei it karakter fan ús plattelân der net ûnder lije. It moat, wat bygelyks kleur en hiembeplanting oanbelanget, yn it lânskip passe en it mei foar de omwenners gjin ljochthinder opsmite.   

 

Frijkommende pleatsen kinne ek brûkt wurde foar oare ekonomyske aktiviteiten of in wenbestimming krije, sûnder dat it hinder jout foar neistlizzende agraryske bedriuwen en sûnder dat it in oanslach op lânskip en miljeu docht.   

 

It liket der op dat der gjin lykwicht sit tusken de OZB foar boerebedriuwen en it MKB. De FNP wol ûndersykje oft dat sa is en eventueel maatregels nimme. 

Foto 6

 

Oandachtspunten

  • Nije en útwreiding fan pleatsen passend yn it lânskip
  • Natuurynklusieve lânbou wurdt de noarm foar de takomst  

Rekreaasje en Toerisme.

Rekreaasje en Toerisme binne wichtige sektoaren foar de Fryske ekonomy en wis foar dy fan De Fryske Marren. In sterke en innovative sektor draacht by oan de oanlûkingskrêft foar it toerisme, mar ek foar it bedriuwslibben en ynwenners fan ús gemeente. Der is ferlet fan mear kwaliteit om oan de winsken fan de toerist te foldwaan. Stimulearring fan kwaliteitsferbettering en fasiliteiten foar de lytsskalige ferbliuwsrekreaasje is fan grut belang.   

 

De FNP stiet oan op gearwurking tusken de rekreaasje- en toerisme sektor (ynklusyf hoareka) en bygelyks kulturele organisaasjes, sa as yn de foarm fan arranzjeminten.   

 

It ferskaat yn lânskip en de romte binne kearnkwaliteiten fan ús bûtengebiet. In grut part fan ús gemeenten falt yn it Nasjonaal Lânskip Súdwest Fryslân. Derom wol de FNP gjin grutskalige rekreaasjeparken.  

 

Fan ûnderen op wurde der ûnder lieding fan de ‘oanjagers' alderhande plannen ûntwikkele om de Tsjûkemar toeristysk en rekreatyf mear te benutten, fan ‘trochfarmar' nei ‘ferbliuwsmar'. Foar ús is it behâld en de fersterking fan de hjoeddeistige lânskiplike wearden in rânebetingst.  

 

Tsjerkepaden en jaachpaden, dy't yn disoarder rekke binne, wolle wy yn gearwurking mei de Marrekrite yn eare herstelle. By sokke paden en ek besteande fyts- en kuierrûtes ynformaasje buorden pleatse dy't wat fertelle oer de floara, fauna en de skiednis. Tink oan QR koaden. Op strategyske plakken is it goed om oplaadpunten oan te lizzen foar elektryske fytsen.  

 

De FNP wol ek oare mooglikheden ûndersykje, sa as in koartere farrûte foar sloepen fan de Luts (of Balk) nei de Fluessen ta.  

 

Marketing, gastfrijheid en ynformaasjefoarsjenning moatte op peil wêze en bliuwe. Gearwurking mei buorgemeente Súdwest-Fryslân giet fersnipeling tsjin en kin der op termyn foar soargje dat de wurkgelegenheid yn de rekreaasje en toerisme sektor minimaal op peil bliuwt.   

 

De gemeente hat no noch mear as earder in behelpsume en stimulearjende rol. Dit betsjut aktyf meitinke en yn kânsen tinke. Soks freget in adekwate opstelling fan de amtlike tsjinst, kolleezje en ried.  

 

Fluch ynternet - glêstried

Fluch internet kin tsjintwurdich sjoen wurde as in nutsfoarsjenning. De gemeente stipet wer't it kin de oanlis fan Us doel is dat yn De Fryske Marren uterlik 2021 glêstried beskikber is foar elk dy't dat wol.  

 

Foto 7

Oandachtspunten

  • Gjin nije rekreaasjeparken yn de iepen romte
  • Tsjerke- en jaachpaden wer yn eare herstelle
  • Koartere farrûte fan de Fluessen nei Balk ûndersykje
  • Oanlis fan glêstried  

 

Finânsjes  

 

De gemeente De Fryske Marren fiert in ferantwurde, sûn en sunich finansjeel belied en besiket dêrby de lêsten foar de boargers sa leech mooglik te hâlden. Yn alle gefallen ûnder it Frysk gemiddelde. De OZB ferheging moat beheind wurde. It beteljen fan de gemeentlike lêsten moatte oer 12 moannen útsmard wurde (en net mear oer 8 sa as no), dat makket it makliker om rûn te kommen.   


Oandachtspunten

  • Lokale lêstedruk safolle mooglik beheine
  • By it gemeentlik ynkeapbelied kânsen jaan oan it lokale en regionale bedriuwslibben 
De FNP is GRUTSK op De Fryske Marren! Jo ek? Stim FNP.
 
Groepsfoto FNP DFM 2018
 
De earsten op de list binne:  

1. Jan Volbeda (Aldegea)                           7. Remboud van Iddekinge (De Lemmer)

2. Gerda de Vries (De Jouwer)                   8. Janke de Vries (Dunegea) 

3. Johannes van der Pal (De Lemmer)      9. Wiebe Hoekstra (St. Jânsgea)

4. Chris van Hes (De Jouwer)                    10. Oppie Riedstra (De Lemmer)

5. Jeltsje Piersma (Nijemardum)               11. Auke Bijlsma (Terherne)

6. Jochum Meester (St. Jânsgea)               34. Durk Durksz, Listtriuwer (Vegelinsoard)  

 

De Nederlânske ferzje fan it program is te lêzen troch hjir te klikken.

 

Folgje ús ek op de sosjale media: @FNPdfm 

Twitter: www.twitter.com/fnpdfm

Facebook: www.facebook.com/fnpdfm

Instagram: www.instagram.com/fnpdfm

 



2019 FNP Fryslân - Disclaimer