27-03-2019 - Fragen oer Lemsterstrân oan kolleezje B&W De Fryske Marren
De gemeente Lemsterlân hat eartiids mei de eigner fan it paviljoen/swimbad, op it strân fan De Lemmer, ôfspraken makke oer it skjinhâlden fan it strân.

07-03-2019 - No’t it stof wat delslein is
Woansdei 20 febrewaris 2019, yn in ekstra ‘debat en beslút’ is dúdlik wurden dat de breuk tusken de FNP en CDA/VVD definityf is. De yntsjinne moasje fan wantrouwen tsjin de beide FNP wethâlders is oannaam troch in mearderheid fan de ried. De wethâlders hawwe dêrnei fuort har ûntslach yntsjinne.

16-02-2019 - Makket lústerje nei ynwenners de FNP ûnbetrouber?
No't yn De Fryske Marren de fraksjes fan CDA en VVD it betrouwen opsein ha yn de FNP-fraksje, is dit foar ús in reden om hjir in reaksje op te jaan.

06-02-2019 - FNP De Fryske Marren stimt tsjin sânwinning yn Iselmar
De FNP sil tsjin de sânwinning yn de Iselmar stimme yn de ried fan 13 febrewaris. De konklúzje fan de FNP-fraksje is: by twivel net ynhelje. De fraksje wol boppedat rjocht dwaan oan har útgongspunt om noed te stean foar natuer en lânskip en lústerje nei de stim fan in grut part fan ús ynwenners.

02-11-2018 - Ald Jouster foardroegen as nije FNP wethâlder
Mei grutskens dielt de FNP hjoed mei dat de hear Durk Stoker harren nije kandidaat wethâlder wurden is. De FNP wie op syk nei in nije wethâlderskandidaat omdat in pear wike lyn ien fan ús wethâlders, Johannes van der Pal, oanjûn hat om stopje te wollen.

08-10-2018 - Johannes van der Pal hâldt op as wethâlder fan gemeente De Fryske Marren
Hjoed, moandei 8 oktober, makke Johannes van der Pal bekend op te hâlden as wethâlder fan gemeente De Fryske Marren. Van der Pal set dêrmei in punt efter in karrière fan 16,5 jier as wethâlder.

02-08-2018 - FNP DFM priisfraach ynfolling oksel fan 'e Jouwer
Yn maart dit jier hat de FNP fan de Fryske Marren in priisfraach betocht oer
de takomstige ynfolling fan it âlde A7 trajekt en it oangrinzend lân wat der
leit.

01-08-2018 - ‘Mear fûgels troch kij weidzje te litten en sûnder ferplichte ynjeksje’
In ultra koarte gearfetting fan it LC debat ‘Takomst fan de Greide’ lêstendeis yn Ljouwert. De direkte oanlieding foar dit debat wie it ynterview yn de Ljouwerter mei ûndersiker Egbert van der Velde. Dat makke noch al wat los.

01-08-2018 - It beliedskader Sinnefjilden
Der is in soad oer sein en wy ha der lang oer praten, mar yn de lêste ried foar de fakânsje (11 july) ha wy dit beliedskader fêststeld. De FNP is der bliid mei, want it is in praktysk hânfet en de gemeente jout sels stjoer oan wêr’t ‘sinnefjilden’ mooglik binne en hoe’t se ynpast wurde moatte, ensaf.

18-01-2018 - FNP Fryske Marren giet troch mei deselfde ploech
De FNP yn De Fryske Marren giet mei deselfde riedsploech de ferkiezings yn. "It is goed sa’t it is, der is gjin reden wat te feroarjen’’, seit foarsitter Wouter Wouda.

17-01-2018 - Inisjatyfútstel FNP: fûgelfreonlike maatregels yn de Fryske Marren
De FNP-fraksje De Fryske Marren tsjinnet in Inisjatyfútstel stêdsfûgels yn, earst foar behanneling yn de kommisje Romte fan 17 jannewaris en letter yn de ried. De fraksje wol mei dit inisjatyf berikke dat der foar saneamde stêdsfûgels in better leefmiljeu ûntstiet.

24-12-2017 - Noflike Krystdagen en in sûn en lokkich 2018
It bestjoer, fraksje, skaadfraksje en wethâlders fan FNP De Fryske Marren winskje jo noflike Krystdagen en in sûn en lokkich 2018 ta!

28-11-2017 - Besite fuotbalferiening Renado yn Sint Nyk
Freed 24 novimber is de FNP fraksje op besite west by fuotbalferiening Renado yn Sint Nyk. Dizze fuotbalklup bestiet kommend jier 80 jier, in fuotbalklup mei histoarje.

06-11-2017 - FNP seit: ophâlde mei gemyske bestridingsmiddels
De Provinsje moat it goede foarbyld jaan en ophâlde mei it gebrûk fan omstriden gemyske bestridingsmiddels lykas glyfosaat (RoundUp). Dat stelt de provinsjale fraksje fan de FNP yn mûnlinge fragen oan Deputearre Steaten.

08-07-2017 - FNP DFM kiest foar lytse projekten by Kadernota 2017
Yn Bakhuzen it opwurdearjen fan de Hollewei / Gaastwei en yn Balk in kuierstrook lâns it Tsjamkedykje om de ferkearsfeiligens foar de eigen ynwenners en toeristen te fergrutsjen.

Argyf
2019 FNP Fryslân - Disclaimer