NIJS   08-10-2018


Johannes van der Pal hâldt op as wethâlder fan gemeente De Fryske Marren

Hjoed, moandei 8 oktober, makke Johannes van der Pal bekend op te hâlden as wethâlder fan gemeente De Fryske Marren. Van der Pal set dêrmei in punt efter in karrière fan 16,5 jier as wethâlder.



"Wy ferliese in tige wurdearre en belutsen wethâlder" (Jan Volbeda oer fertrek Johannes van der Pal)

Van der Pal: “De rek is út ‘t elastyk en dan moatte jo stopje. Foaral as jo merke dat it psychysk en fysyk lestiger wurdt”.  Foar him is ophâlden in goed oerwage kar, dy't him al dreech falt. “It is ek de akseptaasje, dat jo net mear alles kinne”, sa relativearret hy. De 64-jierige Van der Pal wie 12 jier wethâlder yn it eardere Lemsterland (foar Gemeentebelangen). Nei de gemeentlike weryndieling ferfolle hy 4,5 jier it wethâlderskip foar de FNP yn gemeente De Fryske Marren.

 

Jan Volbeda, fraksjefoarsitter fan de FNP: “De FNP is rekke. Mar wy respektearje dit foar ús ûnferwachte beslút fan Johannes van der Pal. De partij ferliest hjirmei in tige waardearre en belutsen wethâlder mei in hiele protte ûnderfining. De kommende perioade sil socht wurde nei pasjende opfolging”.

 

Boargemaster Fred Veenstra: “As kolleezje fine wy it tige spitich dat Johannes ús ferlitte sil. Oant de dei fan hjoed ha wy as kolleezje op in kollegiale en noflike wize tegearre wurkje kinnen. We misse yn in koart skoft spitigernôch twa belutsen krêften mei in soad ûnderfining yn it kolleezje. Janny Schouwerwou moast ferline wike al oanjaan om sûnensredenen ophâlde te moatten. Wy ha alle begryp en in protte respekt foar it beslút fan Van Der Pal en in soad wurdearing foar alle ynset dy't hy yn alle jierren jûn hat”.

 

FNP De Fryske Marren sil no op syk nei in geskikte opfoalcher, dy't it wethâlderskip de kommende jierren ferfolle sil. Oant dy tiid bliuwt Van der Pal oan.



Tags: Polityk Bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer