Yn it keterapport fan de FNPj waard al wiisd op it grutte sosjale belang fan de keten yn de doarpen. Ek hat de FNPj foar de gemeenten doe in konsept mei beliedsrigels foar de keten opsteld. Fierders kaam de FNPj dêryn ta de konklúzje dat de keten gjin konkurrinsje binne foar de hoareka yn de gemeenten, omdat de keetbesikers meastentiids oanslutend in besite bringe oan de hoareka.
De FNPj fynt dizze saak sa wichtich dat in fertsjintwurdiger fan de FNPj moarn nei De Haach ôfreizigje sil om de jongerein te stypjen by harren betooch foar de Rie fan Steat. De FNPj hopet dan ek dat it fertuten dwaan sil foar de keten yn Wymbrits en oare gemeenten yn Fryslân. Sa dat de jongerein belutsen bliuwe by harren doarp.
Sjoch ek de digitale ferzje fan it FNPj keterapport, útkaam yn augustus 2009.