NIJS   12-10-2016


Ljochthinder fan wynmûneparken yn de Noardeastpolder

Ek yn de polder ha minsken al lang oerlêst fan it hinderlik knipperjen fan ljochten op wynmûnen yn 4 parken mei yn totaal 86 wynmûnen. Dit docht bliken út antwurden fan it kolleezje op ús fragen fan lêstendeis.

Lês ek ús eardere berjocht oer de ljochten: klik hjir.
 

Yn 2015 al binne nei oanlieding fan klachten fan ynwenners fan Zeewolde oare farianten testen en ûndersocht. Nei oanlieding hjir fan is in advys oan it ministery fan I&M (Infrastructuur en Milieu) skreaun mei trije oanbefellingen.

  1. Maatwurk mooglik meitsje
  2. Fêstbrânende ferljochting
  3. In yntinsiteitsregeling tastean.

It ministery wurket no oan in oanpassing fan de ‘circulaire over windmolenverlichting'. Sa dat by alle wynparken maatwurk mooglik wurdt.

 

Mar de sirkulêre is noch net klear. En hoelang it noch duorret is ek net bekend. Oant dy tiid is it goed dat safolle mooglik minsken de petysje tekenje dy't ynwenners fan Nijemardum en Sondel opsetten hawwe. Sa bliuwt de druk wat op ‘e tsjettel.

https://verlichtingopwindmolensuit.petities.nl/

 

Hjirûnder binne twa brieven oangeande it ûnderwerp del te heljen en te lêzen.
Foto: OmroepFlevoland.nl

 



Downloads:
2016-06-09 brief fan gemeente nop oer ferljochting wynmûnes
2016-09-26 memo gemeenterie oer objektferljochting wynmûnes


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer