NIJS   11-03-2016


FNP De Fryske Marren stelt fragen oer ljocht wynmûnen Noard-Eastpolder

Nei oanlieding fan klachten fan ynwenners út de súdwesthoeke fan Fryslân stelt de FNP fraksje De Fryske Marren skriftlike fragen oan it Kolleezje fan B & W.

De ynwenners fan benammen Sondel, Nijemardum en Aldemardum jouwe oan dat hja in soad lêst ûnderfine fan de knipperjende reade ljochten op de wynmûnen yn it ‘Wynpark Westermeer' yn de Noard-Eastpolder. De ljochten, dy't tsjinje as beakens foar fleantugen, binne yn de fiere omkriten te sjen. Yn it earder sa tsjustere gebiet steure dizze ljochten bot.

De FNP freget it Kolleezje om de argewaasje fan de ynwenners by de ferantwurdlike ynstânsjes  oer te bringen. Fierder wol de FNP dat it kolleezje by deselde ynstânsjes ek oantrunet op in foar elkenien akseptabele oplossing.

 

De beantwurding hat 22 maart west en is hjirûnder te finen.



Downloads:
It dokumint mei ús fragen (yn pdf)
Antwurd op ús fragen oer it ljocht fan de wynmûnen


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer