No't eins de folsleine kommisje dit ek fynt, sil de gebouwen opromme wurde moatte. Hjirûnder de saken noch even op in rychje:
1. Trije ynvestearders ha de terreinen en gebouwen fan de Campus kocht en binne by de gemeente kommen mei in plan. It plan hâldt yn dat de besteande gebouwen stean bliuwe (legalisearre wurde moatte) en geskikt makke wurde foar fakânsje ferbliuwen foar minsken dy't soarch nedich ha, byg. âlderein. De gebouwen liene harren hjir goed ta.
2. Mocht dit plan trochgean, dan wurdt it terrein fan de âlde gersdrûgerij net brûkt as bedriuweterrein, mar soe in mear natuerlike ynfolling krije kinne, lykas bosk.
3. Op himsels rûn de FNP fraksje waarm foar dizze plannen. Romtlik meitsje we dan in kwaliteitsslach. We sjogge leaver de besteande gebouwen mei soarch, as nije loadsen mei bedriuwichheid. En de plannen mei rekreaasje en soarch leverje ek nochris wurkgelegenheid op.
We wurde lykwols ek ferge op earder diene tasizzingen
4. Dêr leit in bestjoerlike belofte. De gebouwen soene maksimaal 5 jier stean bliuwe en dernei opromme wurde. Underwilens stean se al 8 jier. In selde belofte is ek dien foar de AZC lokaasje yn Balk: 5 jier en net langer! De FNP fynt dit swier weagjen.
5. Protesten sille der wis ta liede dat de realisaasje fan de plannen wol 2 jier útsteld wurde kinne. Dêrmei is de kâns is te grut dat it der dan net mear fan komt.
Derom binne we ta de folgjende konklúzje kommen:
Hoewol ‘t de plannen der kwalitatyf goed útsjogge en in goede mearwearde wêze kinne foar it rekreatyf oanbod yn ús gemeente, is de kâns fan slagjen lyts. Derneist, mar eins boppe al, wolle we ek in betroubere oerheid wêze, dy't stiet foar har wurd. We kinne it net meitsje en kom, op basis fan boppesteande arguminten, werom op hurde tasizzingen út it ferline.