NIJS   12-03-2015


FNP: Fakûnderwiis Moadefakskoalle Bakhuzen fertsjinnet stipe

De FNP wol dat de Moadefakskoalle yn Bakhuzen romhertiger stipe fan de oerheid krijt. Dat wie de útkomst fan in wurkbesite fan de partij. It fakûnderwiis wurdt wer hieltyd wichtiger foar ús maatskippij. Lykwols in lytse besuniging fan de gemeente kin der ta liede dat de skoalle ophâldt te bestean. De FNP is fan betinken dat de skoalle krekt mear stipe fan de oerheid fertsjinnet.

Neffens kandidaat steatelid Corlienke de Jong is dizze oplieding unyk foar Fryslân en bedoeld foar in unike groep minsken. Troch foaral de ynset fan entûsjaste en belutsen oplieders en bestjoerders bestiet dizze skoalle al mear as 75 jier. Dit hat in delegaasje fan FNP (kandidaat) steateleden en riedsleden sjen kinnen by har wurkbesite.

 

De FNP'ers ha ek heard dat de finansjele basis fan de skoalle wif is. Besunigingen fan bygelyks de gemeente ha grutte ynfloed op de bedriuwsfiering en kinne ta sluting liede. Sa kin de skoalle gjin stappen foarút dwaan. De FNP fynt dat de skoalle stipe fertsjinnet. Allerhande ideeën om de skoalle mear bekendheid te jaan sa as om it netwurk te fergrutsjen, de profilearring te ferbetterjen en om gearwurking te sykjen mei bygelyks de oplieding ‘mode en kleding' ha de revue passearre. 

 

De priveeoplieding is leechdrompelich, lytsskalich en betelber. Dizze praktyk oplieding levert fakminsken ôf op MBO nivo, dy't in goede kâns ha op de arbeidsmerk. It diploma is net rykserkend, omdat it allinne praktyk ûnderwiis is.

 

2015 03 11 wurkbesite FNP DFM en provinsjaal 01

2015 03 11 wurkbesite FNP DFM en provinsjaal 02

2015 03 11 wurkbesite FNP DFM en provinsjaal 03



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer