NIJS 20-01-2015
Iepening obs It Swannestee Langwar
Langwar hat syn nije skoalle. Einliks, se ha der lang op wachtsje en foar stride moatten. Mar no stiet der ek wat, in prachtich gebou. Neffens de grutske direkteur 'de meast enerzjysunige skoalle fan Nederlân', mei sinnepanielen en flierferwaarming.
Freedtemoarn 16 jannewaris binne wy by de iepening west fan de nije basisskoalle yn Langwar. Acht bern fan de skoalle (ynklusyf de pjutten) hawwe de skoalle symboalysk mei in grutte kaai iepene. In feestlik barren. Dat mei ek wol, want it is in prachtich gebou wurden, mei heldere kleuren, moaie klaslokalen en mienskiplike romtes. Elke sintimeter fan it gebou is benutten.
Hast trije jier lyn binne wy mei de FNP fraksje fan doe
noch Skarsterlân
ek op besite west by de skoalle. Dit nei oanlieding fan de
needgjalp yn de brosjuere 'Zo kan het
niet langer'. Wy ha doe mei eigen eagen sjoen dat it sa ek net langer mear koe.
Wy ha tasein ús der sterk foar te meitsjen om de finânsjes foar in nij
skoalgebou op te nimmen yn de kadernota (begrutting). Wy binne bliid dat it
slagge is en der no sa'n moaie skoalle stiet.
Jeltsje Piersma en Janke de Vries
It filmke by dit artikel is fan Omrop Fryslân.
Mear ynformaasje en foto's binne te finen op: www.obstswannestee.nl
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP