NIJS   21-11-2014


FNP wol gjin ûndersyk nei oanbou gemeentehûs yn park Heremastate

Troch in riedsbreed stipe amendemint fan de FNP is in ûndersyk nei in oanbou oan it gemeentehûs yn park Heremastate fan de baan.

Der komt in ûndersyk nei wat de bêste oplossing is foar de húsfesting fan amtners en bestjoer fan de gemeente. It doel wie om 4 opsjes te ûndersykjen, ûnder oare de opsje om it gemeentehûs út te bouwen it park yn (rjochting Oranjerie).

 

Dizze grutte oanbou oan it gemeentehûs sil ôfbraak dwaan oan it park Heremastate. It park Heremastate is in wichtich plak foar de ynwenners fan De Jouwer. Boppedat binne der plannen om it park yn âlde steat werom te bringen. Al yn 1466 is der sprake fan in stins op dit plak en sûnt 1670 wurdt der al skreaun oer Herema State. We kinne dus wol sizze dat Herema State in kultuerhistoarysk monumint is yn de gemeente DFM. Derom fynt de FNP it net winsklik om in grutte yngreep yn it park te dwaan en hoecht der ek gjin ûndersyk nei dien te wurden.

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer