NIJS 29-10-2014
FNP komt mei amendemint foar keunstsinnige foarming en naaiskoalle
De FNP tsjinnet yn de gemeenteried fan 29 oktober in amendemint yn om de foarnommen besuniging fan € 250.000,- op subsydzjes foar keunstsinnige foarming foar it Toanhûs/KCGS en it beëinigjen fan de subsydzje oan de naaiskoalle yn Bakhúzen, struktureel te minderjen.
De FNP fynt dat yn de earste besunigingsronde ek al swier besunige is
op keunstsinnige foarming en dizze sektor hjirmei ûnevenredich troffen wurdt.
Dit liedt ta ferskraling en giet ten koste fan in stik kwaliteit yn ús gemeente. Ek sille grutte besunigings op kultureel ûnderwiis in ûnwinsklik
neveneffekt ha. It lesjild giet omheech en dêr mei is keunstsinnige foarming
net mear leechdrompelich.
Ek is de FNP fan miening dat de naaiskoalle yn Bakhúzen foar in grutte
groep minsken (foaral froulju) yn dy regio in spesifike kâns jout op skoalling
en ek kânsen op wurk. It beëinigjen fan de subsydzje sil it bestean fan de skoalle bedrige.
Derom wurdt yn it amindemint, dat mei yntsjinne wurdt troch VVD, PvdA
en Grien Links, foar keunstsinnige foarming It Toanhûs/KCGS fan 2016 ôf
struktureel in bedrach fan € 121.000,- beskikber makke en foar de naaiskoalle yn
Bakhúzen fan 2016 ôf struktureel € 4.000,-.
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP