Sa woene de doarpshuzen op freed en sneon graach rommere
skinktiden. Se wolle nei aktiviteiten graach noch 'ien dopje' kinne, sa as ien
fan de ynsprekkers it neamde. Aktiviteiten duorje al gau oant in oere as 23.00
oere, of noch langer. En sy fine in eintiid fan 1.00 oere dan wat krap. Fierder wolle de
doarpshuzen ek graach de mooglikheid ha om in 'elf-uurtje' skinke te kinnen.
De FNP is fan betinken dat de doarpshuzen in wichtige rol spylje binnen de doarpsmienskip. En faak is it sa dat der bûten it doarpshûs yn it doarp gjin plak is wêr't minsken by elkoar komme kinne. Dêrom hat de FNP mei it CDA en de VVD in tekstwiziging (in amendemint) yntsjinne yn de ried fan 22 oktober. In romme mearderheid fan de ried wie it mei ús iens, dat der troch dizze ferromming gjin sprake is fan ûnferantwurdlike ferstrekking fan alkohol oan foaral jongeren. As der sjoen wurdt nei de hjoeddeistige gong fan saken, dan is der ek gjin sprake fan mear en ûnearlike konkurrinsje mei de hoareka.
Tekst beslút amindemint:
De gemeenteried beslút:
De Algemiene Pleatslike Oardering fêst te stellen, mei oanpassing fan kêst 2:34c lid 3 en lid 4.
Artikel 2:34c, lid 3:
Parakommersjele rjochtspersoanen dy't har rjochtsje op aktiviteiten fan sosjaal-kulturele aard ferstrekke alkoholhâldende drank útslutend nei 11.00 oere (de wurden 'nei 13.00 oere' skrasse) en oant 24.00 oere
Artikel 2:43c, lid 4:
Yn ôfwiking fan it tredde lid is it de parakommersjele rjochtspersoan, neamd yn lid 3, tastien om:
- tolve kear yn it jier yn it karbrief (de statuten) neamde aktiviteiten en dêr oan relatearre aktiviteiten, mits teminsten twa wiken foar it begjin de boargemaster yn kennis steld is; en
- as de ûntheffing neamd yn artikel 2:34d, earst sub a of c ferliend wurdt: of
- tolve kear yn it jier, as de ûntheffing neamd yn artikel 2:34d, tweede lid ferliend wurdt, mits teminsten twa wiken foar it begjin de boargemaster yn kennis steld is;
alkoholhâldende drank te ferstrekken op freed of op sneon oan 02:00 oere.
En gean oer ta de oarder fan de dei.
FNP, Gerda de Vries