NIJS   24-10-2014


Stimferklearing oangeande it Frysk yn gemeentlike kommunikaasje

Dizze moanne stie de 'Notitie Communicatievisie en -strategie' mei de namme 'Meer Vitamine C' op de aginda wêrby de FNP fraksje by it fêststellen fan dizze notysje in stimferklearing ôfjûn hat.

Yn de kommisje hat de FNP oanjûn dat kommunikaasje foar eltse ûntfanger dúdlik wêze moat. Dat is mei dit stik net altyd like goed slagge. Wat wy misse yn dizze kommunikaasje-fisy is de ynteraksje mei de ôfdielings en kommunikaasje. Mar de FNP mist foaral dat it Frysk net in fanselssprekkend plak krijt yn dizze notysje. It liket der op dat de ôfdieling net dúdlik tusken de earren hat dat it Frysk in yntegraal en natuerlik ûnderdiel wêze moat fan harren wurk. It jout ekstra, kreative mooglikheden oan harren fak, mar soks wurdt dus net oppakt en dat fine wy spitich.

Wy sille fierder yn it trajekt, as it Frysk taalbelied op de aginda komt, bepleitsje dat de kommunikaasje fisy der by belutsen wurdt. En dat saken net separaat neist elkoar funksjonearje meie. Kommunikaasje mei de boargers moat ek yn harren eigen taal kinne.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer