Stevenshoek mei it eardere hotel De Wielen is al jierrenlang in rotte kies yn Langwar. En dat wylst it sa tichteby de Langwarder Wielen wol in hiel prominint plak is. Sûnt fan ‘t maitiid leit de kade Stevenshoek der wer kreas by. Dat kin besjen lije. De ûntwikkeling fan it âlde hotel De Wielen lit lykwols noch hieltyd op him wachtsje.
De ôfrûne jierren hawwe der foar de ûntwikkeling fan hotel De Wielen ferskate plannen west. De measte fan dy plannen binne net wiidweidich oan de riedsleden of de ynwenners fan Langwar foarlein, omdat se al earder ôfkard waarden. It lêste en seisde plan is foarlein oan de ried en dy hat dêr yn septimber yn mearderheid in posityf beslút oer nommen.
Foar't it safier wie hat it de ynwenners fan Langwar en ús ek aardich dwaande holden. Foarich jier, ek yn septimber, hawwe der in pear ynformaasjejûnen west. Dêr is it plan presintearre: in gebou mei 13 apparteminten en ûnder horeaka. It heechste punt is 17,30 meter. De twadde jûn siet de seal bomfol Langwarders. Doe is der in offisjeuze ‘peiling' hâlden. De mearderheid wie posityf. Nei oanlieding fan dy ynformaasjejûn binne de plannen ek noch wat oanpast. Mar der binne en bliuwe likegoed ek Langwarders dy't it plan, oanpasse of net, net sitten sjogge. It soarget suver foar twaspjalt en dat is spitich.
Sa't earder sein is, hat in mearderheid fan de ried der posityf oer besluten. De FNP hat ek ja sein. Foar't ús FNP-fraksje ta dat beslút kaam, hawwe we ferskillende saken ôfwoegen.
Wy hawwe ús ôffrege oft in appartemintekompleks yn de geast is fan wat wy dêr wolle en bedoele. Wy fine it belangryk, dat it doarp meinaam is yn it proses en syn miening kenber meitsje koe. Datselde jildt foar draachflak ûnder de Langwarders. Wy hawwe ús ek ôffrege oft it plan yn it histoaryske karakter past. Stevenshoek leit achter de Buorren, it beskerme doarpsgesicht. It leit oan de râne fan it wetter tusken âld (de fabrykshûskes) en nij (de rekreaasjewenningen) yn. Net alle bebouwing oan de Stevenshoek is histoarysk. De fraach is dan ek oft sa'n nij gebou dêr út de toan falt. Aard, skaal en karakter hawwe ús miskien wol it measte dwaande hâlden. We ûntkomme net oan de hichte fan it hjir plande gebou. De fraach is oft de skaal fan it gebiet sa'n gebou oan kin. En oft it appartemintekompleks aanst it oansjen fan Langwar dominearje sil.
As wy kieze mochten tusken dit plan en in gebou dat in pear meter minder heech wurdt, dan hie it minder dreech west. Mar dy kar ha wy net. Wy woene it bêste foar Langwar. Wy hiene fansels nee sizze kinnen. Mar neffens de FNP steane Langwar en de Langwarders en wy fansels ek de earstkommende jierren wer mei lege hannen. Wy ha foar stimd, omdat wy tinke dat Langwar der better fan wurdt. In rotte kies ferdwynt en it oansjen ferbetteret.
Janke de Vries
riedslid FNP de Fryske Marren