Foar dit fytspaad hawwe de ynwenners fan dizze doarpen bot striden. Se hawwe riedsleden útnoege om ris op dizze 80 km dyk te fytsen en sels te ûnderfinen hoe drok de dyk is. Ek FNP riedsleden ha mei fytst. It hat fertuten dien, want de hiele ried wie fan betinken dat dit fytspaad der komme moat fanwegen de ferkearsfeiligens. Ek omdat de provinsje 40 % fan de totale kosten foar har rekken nimt. De rest fan de finansierring bliuwt in probleem. Dat liket raar as der sa'n grut oerskot is fan 2013. Mar de gemeente moat har reserves op peil bringe. Hoe dan ek de ried hat besletten om it fytspaad te honorearjen by de kadernota foar oare jier. It sil út in 'wegenpot' betelle wurde.
De FNP fraksje hat begjin juny op wurkbesite west by de Westermarskoalle op 'e Jouwer. De skoalle is ta oan ûnderhâld. Mar net allinne dat, om de takomst treast te wêzen op ûnderwiismêd is it needsaaklik dat der ek oanpassingen oan en yn it gebou plak fine. De Westermaskoalle hat dêr in heldere fisy op, dy't breed droegen wurdt. Wy binne dan ek bliid dat net allinne it ûnderhâld meinaam is yn de Kadernota mar ek de oanpassingen oan it gebou. De skoalle kin sa wer jierren foarút.
By in posityf saldo oer it jier 2013 soe der 2 ton subsydzje fan de gemeente foar de oanpak fan Kade 5-7 yn Sint Nyk beskikber komme. Sa is foarich jier ôfpraten. Der is in posityf resultaat, dus de subsydzje wurdt ferliend. In opstekker foar Sint Nyk.
It kolleezje is mei in útstel nei de ried ta kaam om de 4 âlde oarderingen út de gemeenten Boarnsterhim, Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterland te harmonisearjen, gelyk te lûken dus. It punt dêr't it foaral om giet is de sneins iepenstelling. Yn it útstel fan it kolleezje meie alle winkels yn de hiele gemeente yn de perioade fan 15 maart oant 1 novimber iepen fan 12.00 oere ôf.
Dat is wat oars as yn it koalysje-akkoart stiet. De FNP hat hjir mei wraksele. Wy wolle ús oan makke ôfspraken hâlde. En der binne ek (lytsere) ûndernimmers dy't har soarch oer sneinsiepening útsprutsen hawwe. Oan de oare kant ha wy ek winkeleigeners út bygelyks Terherne en Eastersee heard dy't in bestean ha troch de sneinsiepenstelling yn de simmer. Sy wolle leafst om 8.00 oere al iepen. In dilemma, mar om't wy ús eagen net slute foar de feroarjende wurklikheid binne wy meigien mei it foarstel fan it kolleezje.