NIJS   10-06-2014


FNP bliid mei ferbod op gebrûk fan Metam Natrium by de leeljeteelt

De fraksje fan de FNP De Fryske Marren is bliid mei it ferbod op it gebrûk fan it gewaaksbeskermingsmiddel Metam Natrium. In middel dat in protte brûkt wurdt yn de leeljeteelt, en dus ek yn Gaasterlân.

Nei oanlieding fan ferskate klachten fan minsken yn Aldemardum mar ek op oare plakken yn it lân hat de steatssekretaris Sharon Dijksma it gebrûk fan dit middel oant yn elk gefal augustus ferbean. Se wol fierder ûndersyk nei de gefolgen fan it gebrûk fan dit middel.

 

De aksje fan de ynwenners, de fragen fan de FNP-fraksje yn doe noch de gemeente Gaasterlân-Sleat, en in tillevyzje-útstjoering oer dit ûnderwerp hat tagefolch hân dat se yn Den Haach no einlings troch hawwe dat de befolkingssûnens yn gefaar wêze kin by it gebrûk fan dit middel.

 

FNP De Fryske Marren hopet dat nei oanlieding fan dizze aksje in foar elkenien te akseptearjen oplossing oandroegen wurdt.

 

Yn it filmke in reportaazje fan RTV Drenthe, wêr't ynwenners fan Midden Drenthe en Westerfjild ek klachten yntsjinne hawwe.

 

Mear artikelen oer de klachten en ûndersyk:
op BalksterCourant.nl
op Joop.nl

 

Mear artikelen oer it ferbod:
op Zembla.incontxt.nl
op NOS.nl
op NieuweOogst.nu

 



FNP bliid mei ferbod op gebrûk fan Metam Natrium by de leeljeteelt



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer