NIJS   07-01-2014


Koalysje akkoard 2014-2018: 'In dynamyske en fitale mienskip'

De koalysjepartijen FNP en CDA ha yn de riedsgearkomste fan 6 jannewaris it troch har opstelde koalysjeprogramma presintearre mei de titel: 'In dynamyske en fitale mienskip'.

Hjir by jilde de folgjende algemiene útgongspunten:

  1. It troch de mienskiplike kolleezjes fan B&W (GBW; de B&W's fan foar de fúzje) ynsetten belied wurdt kontinuearre en de makke ôfspraken wurde respektearre;
  2. Der is yn de gemeente sprake fan solidariteit fan 'ryk en earm'. Dat betsjut dat de oerheid soarget foar de basis fan de sosjale sekerheid;
  3. De yn it Zero Base-trajekt fêstleine besunigingstaakstelling fan € 9,0 miljoen is útgongspunt fan it belied;
  4. Yn de gemeente De Fryske Marren is de ôfstân tusken gemeente en boarger lyts en wurde ynwenners en fertsjinwurdigers fan belangenorganisaasjes safolle mooglik belutsen by fisyûntwikkeling;
  5. Us ynwenners binne belutsen en leverje fanút har eigen achtergrûn in unike bydrage oan de mienskip. Der is yn de gemeente romte foar eigen inisjatyf, kreativiteit, eigen ferantwurdlikheid en ûndernimmersskip. De gemeentlike oerheid is in goede partner fan maatskiplike inisjativen. It kolleezje fan B&W wurket safolle mooglik fan bûten nei binnen.
  6. In Fryske gemeentenamme past goed by de identiteit fan de nije gemeente. De ried wurdt yn maart 2014 foarsteld te kiezen foar 'De Fryske Marren' as gemeentenamme. Yn it hjirfoar op te stellen riedsfoarstel wurdt spesifyk oandacht bestege oan de relevante kostenaspekten.


Downloads:
Klik hjir om it koalysjeakkoard 2014-2018 del te heljen


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer