![]() ôfbylding: gemeente De Fryske Marren |
"Freonen,
Wat hawwe wy in moaie útslach makke mei de riedsferkiezings fan 13 novimber. Njoggen sitten! Tige tank oan al dy minsken dy't in rûntsje fan de FNP-list readkleure hat! Tankjewol!
We hienen in doel: mei ús trijen (as grutste partijen yn de trije âlde gemeenten Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân) de grutste wurde yn de nije gemeente De Fryske Marren om sa hannen en fuotten jaan te kinnen oan wat wy wolle. De earste helte fan dat doel hawwe we helle. Dat is in lokwinsk wurdich oan ús allegearre. Lokwinske! It is ek fantastysk om te sjen hoe’t Gemeentebelangen De Lemmer en FNP Terherne yn dit nije gehiel meidogge. Dat FNP/Gemeentebelangen net ôfrekkene is op besluten, mar dêr krekt oarsom wurdearring foar kriget, is in oare boppeslach. Dat is tagelyk in grut komplimint wurdich yn ‘e rjochting fan ús wethâlders en riedsleden. Kompliminten!
Mar wat is it ek fantastysk, dat wy ús mei-inoar ynset hawwe om ús doel te heljen: ynhâldlike petearen, posters plakke, stikkers bylâns bringe, ferkiezingsboekje, debatjûnen, mei de bus de gemeenten troch! It gong wolris oars as ôfpraat, mar it hat fertuten dien! Dy ynset wie geweldich. Tank dêrfoar.
En no kinne we fierder. It program, it ferkiezingsboekje en ferslaggen fan petearen jouwe dúdlik rjochting oan wat wy wolle. Dêr leit de folgjende útdaging: dwaan wat we sein en skreaun hawwe en dat dúdlik opnommen krije yn (rieds-) en benammen kolleezjeprogram.
Dêr binne we fansels allegearre by! Tank foar no, kompliminten en wat de ûnderhannelings oanbelanget sukses tawinske!"
Aant Mulder, foar it ynterimbestjoer fan FNP De Fryske Marren