Dit nei oanlieding fan meldingen fan wol hiel nuvere ferdraaiïngen fan feiten, troch bygelyks Rutte (stelt dat SWF gemeente der geweldich yn slagget de bestjoerskosten te ferleegjen), Samsom (JSF gedraai), Pechtold (Fryslân opheffe). Om't de politisy nei alle wierskynlikheid amper witte hoe't Fryslân der hinne leit, ferwachtet de Politisy Plysje dat se gau opfalle en maklik te trasearjen wêze sille. Yn oerlis mei justysje hat de Plysje mandaat om Politisy dy't trappearre wurden op swiere ferdraaiïngen daliks op de bon te slingerjen. De Politisy Plysje freget de lokale befolking sneon skerp mei op te letten en fertochte útspraken daliks troch te jaan, sadat mei inoar foarkommen wurdt dat stimmers efterôf fernimme dat se by de poat nommen binne.