NIJS   07-11-2013


De nije gemeente troch!

Kommende sneon sil FNP De Fryske Marren mei in histoaryske bus fan it Nationaal Openbaar Vervoer-museum yn Ouwsterhaule en tagelyk mei De Gaasterland Express, de âlde skoalbus fan Douwe Jaarsma út Riis, op paad troch de nije gemeente.

It is dan noch in pear dagen foar de ferkiezings fan waansdei 13 novimber. De opfallende giele bus fan Douwe sjocht men út en troch de gemeenten trochriden. It bussenmuseum yn Ousterhaule is mei sa’n 15.000 besikers yn ‘t jier ien fan de toeristyske attraksjes dy’t ús gemeente ryk is. It museum kin allinnich draaie mei tank oan in protte frijwilligers.

 

De FNP stapt kommende sneon dan ek graach op de bus, op foar De Fryske Marren!

 

FNP De Fryske Marren giet de gemeente troch

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer