NIJS   16-10-2013


Rie moat har soms dochs bemoeie mei lantearnepeallen

It is oankommende sneon presiis in heal jier lyn, dat in jongbaas yn ‘e nacht mei it liif stiif fol alkohol -prommilage 4,8 plus- en mooglik yn kombinaasje mei drugs mei grutte faasje oer De Streek yn Sint Jânsgea op de Badwei yn Rottum ôf fleach. Hy hie de T-splitsing net sjoen en knalde keihurd op tsjin de readwite peallen en de lantearnepeal. Resultaat: auto total loss, de lantearnepeal oan flarden ûnder de auto en de lampe foel efter op de bumper en beide yn gruzeleminten.

2013 10 16 Krusing Badwei Streek foto 1 Omwenjenden skillen daliks de plysje dy't der rap by wie. De jongbaas besocht ûnderwilens mei syn mobyl syn maten op te trommeljen en út te naaien, mar waard gelokkich steande hâlden. De lantearnepeal wie folslein ôfbrutsen en it lêste skeef út de grûn stekkende stompke waard ôfplakt mei plastyk bân. Twa fan deselde peallen by it fytspaad oan de Badwei lâns binne sûnt it ûngelok ek útskeakele.

 

No, in heal jier letter, leit it der noch sa by.

 

It is in gefaarlike, ûnoersichtlike T-splitsing mei in rare bocht om it ferkear ôfremje te litten. Foaral by ‘t skimer en as it tsjuster is. Âldere fytsers dy't der net bekend binne, binne dan it paad al gau bjuster en somtiden fljocht der ien út de bocht. De minne dagen komme wer oan en it is wachtsjen op ûngelokken.

 

Omwenjenden hawwe al withoefaak skille mei it gemeentehûs en krigen in telefoannûmer fan it bedriuw dat de saak yn ûnderhâld hat: Ziut. Dat bedriuw ferwiisde op har bar wer nei de gemeente dy't in melding fan de stikkene peal meitsje moast. Us riedslid Jochum Meester hat it offisjele paad -nei't hy der troch ynwenners op oansprutsen wie dat it net opskeat- ek belle mei gemeentehûs en ûnderhâldsbedriuw. Hy waard ek fan it kastke nei de muorre stjoerd. Der barde neat. En werris skilje. Ja, se wienen it dossier kwytrekke, mar de kommende 2 wiken soe der in needmêst komme om't it bestellen fan in nije peal te lang op him wachtsje litte soe. Mar de needmêst is der nei 3 wiken wachtsjen noch net. It leit der noch hieltyd sa hinne.

 

It liket derop, dat ôfwikkeling fan datsoarte fan ferfelende ûngelokken by de gemeente struktureel net goed regele is. Foar de ferkearsfeiligens is it echt needsaaklik dat it foar de winter makke is. Dêrom in tal fragen oan de portefúljehâlder dy't dêroer giet:

 

1. Is it probleem ûnderwilens by de wethâlder bekend?

 

2. Wa moat de lantearnepeal ferfange? Der binne fierderop noch ien of twa lampen stikken. Dêr moat dus ek nei sjoen wurde.

 

3. Hoe kin it dat amtners by de gemeente de fraach fan omwenjenden net oannimme wolle en regelje dat it ûnderhâldsbedriuw in twingende opdracht kriget?

 

4. Wêr heakket it by it ûnderhâldsbedriuw?

 

5. Kinne we troch de útbesteging fan wurk troch de gemeente oan spesjale bedriuwen faker fan datsoarte fan problematyk ferwachtsje?

 

6. Kin de wethâlder oanjaan op hokker termyn it probleem op dy T-splitsing oplost wurdt?

 

7. Kin de gemeente of it ûnderhâldsbedriuw by mooglike ûngelokken oanspraaklik steld wurde?

 

8. Wurdt de skea ferhelle op de dronken bestjoerder dy't it ûngelok feroarsake hat?

 

2013 10 16 Krusing Badwei Streek foto 2

 

2013 10 16 Krusing Badwei Streek foto 2



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer