De gemeente Gaasterlân-Sleat is mei in bulte ambysjes dwaande mei it projekt ‘Mei de boat nei it bosk’. Ien fan dy plannen is it útbaggerjen fan de Sminkefeart. Oer dit baggerjen is de ôfrûne tiid in protte kommoasje ûntstien. De oannimmer hat yn de mande mei de gemeente keazen foar opslach fan de bagger yn de ûnderwâl fan de Sminkefeart. Se wolle de bagger yn in soarte fan tube dwaan. Letter soe der dan in rinpaad oerhinne komme moatte. Der wurdt sein: "De natuer herstelt him gau en klear is it!"
De krityk fan in protte minsken rjochtet har benammen op de opslach fan dizze bagger. It gefolch is dat weardefolle en seldsume beplanting te folle skea oprinne sil en mooglik ferdwine kin.
De natoerorganisaasjes en in tal fan priveepersoanen sprekke harren kritysk út oer de opslach fan bagger yn de tube. De FNP lûkt har dizze lûden oan. Neffens de FNP fan Gaasterlân-Sleat is der oan’t no ta te folle tocht oan bedrigings en te min oan oplossingen. De angel yn it hiele ferhaal is de bagger dy’t opslein wurde moat yn in tube. Soe de bagger oars opslein wurde dan is de kjeld fan de loft.
De FNP kin wol oare oplossings betinke. Bygelyks yn in (tydlik) depot yn it bosk neist de Sminkefeart. In oare opsje is yn in tydlik depot oan de ein fan de Sminkefeart. De Sminkefeart rint ommers dea en mei ienfâldige middels kin dêr in tydlik depot makke wurde. Hjir is meiwurking foar nedich fan benammen Staatsbosbeheer, mar ek de ûndernimmer moat syn goede wil toane. De bagger kin yn it bosk, as oan de ein fan de feart, ynklinke en dan binne der twa mooglikheden:
De útdroege bagger ôffiere en nij bosk oanplantsje.
Of de bagger lizze litte en de natuer har gong gean litte, sadat der prachtige natuer ûntstean kin (sjoch nei de Wyldemerk).
Op dizze wize komme we net oan de weardefolle wâl fan de Sminkefeart. Boppedat soe it samar kinne dat der in bulte kosten besparre wurde. In rinpaad moat ommers ek ûnderhâlden wurde. Sa draaie we de bedrigings foar dizze feart om yn in kâns en kinne de plannen wat de FNP oanbelanget fierder útfierd wurde.
Jan Volbeda
Fraksje FNP Gaasterlân-Sleat
Boppesteand stik hat yn de "Te Gast" stien yn de Ljouwerter Krante fan 20 septimber 2013.