Op de leeftyd fan 14/15 jier begûn ik nijsgjirrich te wurden. Ik bin
Fries en ik praat Frysk mar is der mear? Derom ha ik op ynternet
omnoaskje. De Fryske skiednis kaam oan bar, de taal en fansels de
emansipaasje fan it Frysk. Doe kaam ik út op in side
(www.grutskopfryslan.eu) en dêr fûn ik in hiel nijsgjirrich stik:
"Dossier Identiteit". Hjiryn waard de Ferklearring fan Ofstân útlein.
Dit spruts my oan, en hat my oan it tinken set. Derom haw ik kontakt
socht en is de proseduere starten. Doe’t ik 18 jier waard, haw ik in
brief nei de boargemaster stjoerd, mei hjiryn de Ferklearring, myn motyf
en in fersyk ta in gesprek. De boargemaster hat letter mei my kontakt
opnaam en sadwaande koe ik 30 juny foar de boargemaster ferskine.
Der is earder besocht om, fia de Ferklearring fan Ofstân, ôfstân te
dwaan fan de Nederlânske nasjonaliteit en in Fryske oan te nimmen. In
1951 hat Doekele Brouwer in rjochtsaak wûn wêrtroch hy by de Keamer fan
Keaphannel erkend wurde MOAST as "nationaliteit: Friesch, (Nederlands
staatburger)". Okkerdeis hat Sjoerd Groenhof en ek Wolter Jetten it
besocht, mar sûnder resultaat. Wol is Sjoerd noch nei De Haach ta stapt,
mar dit hat neat opsmiten.
Der is in ûnderskied tusken Steatsboargerskip en nasjonaliteit. It
steatsboargerskip stiet boppe de nasjonaliteit. Ik bin ynwenner fan it
Keninkryk der Nederlannen en sadwaande bin ik Nederlânsk steatsboarger.
Dit wol ik ek behâlde. Yn it steatsboargerskip binne de rjochten en de
plichten fan de ynwenner fêst lein.
Nasjonaliteit betsjút de relaasje tusken in yndividu en in steat,
kultuer of loyaliteit. Nasjonaliteit hat in twaledige betsjutting:
1. It besit fan it steatsboargerskip fan 1 as meardere lannen.
2. Op grûn fan komôf as ôfstamming behearrend ta in beskate etniciteit
en/of naasje. Nasjonaliteit stiet hjir los fan it steatsboargerskip.
Foar my is nûmer 2 fan tapassing yn Fryslân. Om't ik út Fryske âlders,
wêr de woartels fier fan werom gean, op Fryske grûn berne bin.
Yn Europa en Nederlân binne 10 jier lang amtners oan it stinnen west op
in prachtich ferdrach. Dit ferdrach is ek ratifisearre troch de
Nederlânske steat (offisjeel makke). Dermei seit Nederlân dat se harren
hâlde sille oan de ôfspraken dy dêr yn stean. Dy ôfspraken binne ûnder
oare beskerming fan it Frysk, it stimulearjen fan it Frysk, rigels
omtrint it brûken fan it Frysk yn rjochtsealen, Frysk yn it ûnderwiis
ensfh. No is it sa, dat op it stuit dy ôfspraken noch net yn wetten en
offisjele dokuminten fêstlein binne (útsûndering dêr litten; lykas it
ferdrach sels, de wet OKE ensfh.). Derom is it ferdrach net sichtber en
kin it net brûkt wurde.
Yn de Ferklearring stiet dat ik op basis fan in 6-tal arguminten ôfstân
dwaan wol fan myn Nederlânske nasjonaliteit en in Fryske oannimme wol.
Dit as Nederlânsk steatsboarger. De boargemaster hat it fersyk ôfwiisd,
om't it ferdrach net sichtber is, en sadwaande ek net yn de wet stiet.
It ôflizzen fan de Ferklearring hat foar my op dit stuit gjin inkele
konsekwinsje. Ik bin en bliuw Nederlânsk steatsboarger mei in
Nederlânske nasjonaliteit. Wêr dus de rjochten & de plichten by
hearre (Ommers; ik haw it steatsboargerskip noch hieltyd).
No is it wachtsjen op in skriftlik andert fan de boargemaster. Hjirmei
kin ik nei De Haach, mar ek "Europa yn". Ik sil alle middels brûke om
myn doel te berikken, dus as ik nei it Europeesk Hof ta moat, dan gean
ik dêr hinne.
Lit my, as lêst, noch efkes wat dúdlik meitsje: ik wol gjin ien de
Fryske nasjonaliteit oplizze. Minsken dy't hjir berne wurde moatte as 16
of 18 jierrige, of wannear har ID-kaart ferrûn is sels beslisse kinne
wat foar nasjonaliteit se hawwe wolle: Frysk of Nederlânsk. Ek foar
minsken dy't ferhûzje nei Fryslân moat de kar iepen wêze. Nederlânsk as
Frysk.
Foar my is de kar dúdlik: Frysk!
Der stiet in loyaliteitspetysje online, wêr't tekene wurde kin ast
loyaal bist oan dit ferhaal (mei oare wurden; ast dizze aksje stipest):
www.grutskopfryslan.eu
Sjoch de video fan Omrop Fryslân hjir: http://www.youtube.com/watch?v=3PTIqWcCUxU
Beharkje nei it Omrop Fryslân radiofragmint: http://www1.omropfryslan.nl/Player.aspx?t=a&fn=320e1902.WMA
Chris van Hes