NIJS   26-07-2013


Kar KNSB foar Icedôme klap yn it gesicht fan Fryslân

FNP De Fryske Marren sprekt harren ferûntrêsting út omtrint de foarkar fan de KNSB foar it Icedôme as topsportreedrydsintrum. Sawol op sportyf mêd, wurkgelegenheid, mar ek foar de útstrieling fan Fryslân, fielt de FNP dizze útspraak dan ek as in klap yn harren gesicht.
Deputearre Steaten fan Fryslân hat harren nekke útstutsen en jild beskikber steld en der leit in goed plan.
Wy winskje de Provinsje en it Kolleezje fan It Hearrenfean dan ek alle sterkte ta om dit beslút fan de KNSB te kearen. De kultuer omtrint it reedriden heart by Fryslân en hjir hat it ek in sportyf publyk en breed draachflak. Sfear is mei jild net te keap en dat soe by de KNSB foarop stean moatte.


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer