NIJS   27-06-2013


Wrakselje mei Broek Súd

De lêste tiid ha wy it as kommisje en ried hiel faak hân oer wenningbou yn Broek Súd. Sawol yn iepenbiere as besletten gearkomsten. Dat seit wol wat, it leit dreech en der binne tûkelteammen. Yn de lêste riedsgearkomste foar de fakânsje is ús frege om yn te stimmen mei fazearre ûntwikkeling fan Broek Súd.

Romtlike kwaliteit

Broek Súd moat in wyk wurde oan iepen farwetter en mei hege romtlike kwaliteit. Neffens de gemeente giet der in ‘langgekoesterde wens' foar De Jouwer yn ferfolling.

It sil jim gjin nij dwaan, foar de FNP leit dat oars. It tsjinstelde, net ûntwikkelje is foar ús in ‘langgekoesterde wens'. It gebiet hat sa al in hege romtlike kwaliteit en dat soe om ús sa bliuwe kinne.

 

Risiko's

Wy moatte as ried ferstannige besluten nimme. Jild kinne wy mar ien kear útjaan en boppedat is it jild ek noch fan in oar (of fan ús allegear feitlik).

Neffens de gemeente is der sicht op in ferantwurde resultaat as Broek Súd ta ûntwikkeling komt. Mar der wurde wol in oantal risiko's beneamd. Sa as dat de trochrintiid fan it plan net helle wurdt, de hegeboekwearde fan de grûn, rinteferliezen en grûnoankeapen. En der binne noch wol mear risiko's te neamen. As jo dizze risiko's op jild sette, dan skrikke je fan it bedrach. Mar oan de oare kant, ophâlde en it gebiet sa litte kostet ek in soad jild. En der sil ek noch ekstra besunige wurde moatte.

Koartsein wy binne yn in fûke swom en moatte no kieze út twa kweaden.

 

De tiid sil it leare

Wy ha keazen. Nei in soad diskusje yn de fraksje en mei pine yn it hert ha wy ynstimd mei de ûntwikkelrjochting. De tiid sil leare dat it sicht op in ferantwurde resultaat net ferlern giet. De knop moat no om en wy hoopje dat Broek Súd in moaie, kwalitatyf heechweardige wenwyk wurdt oan iepen farwetter.

Janke de Vries, FNP Skarsterlan 

 

Janke de Vries
Fraksjelid

 

 

 

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer