NIJS   05-03-2013


Olrik Bouma keazen as sekretaris-generaal EFAy Brussel!

Ôfrûne wykein wie ús skaadfraksjelid Olrik Bouma (27 jier en fan 'e Jouwer) nei Brussel ôfreizige. Hy wie dêr fanwege in sollisitaasje-ynterview foar de funksje as sekretaris-generaal fan de European Free Alliance Youth (de EFAy) en wy kinne grutsk melde dat hy dizze funksje krigen hat!

Olrik Bouma yn Brussel

Wat de EFAy krekt is, kinne jim lêze fia it menu 'EFAy' op de webside fan de FNPjongerein. Olrik jout oan dat syn ynterview hiel goed gong en dat it EFA bestjoer entûsjast wie om mei him te wurkjen. Sa entûsjast sels, dat Olrik letter op de dei te hearren krige dat hy de funksje as EFAy sekretaris-generaal krigen hat! Wy as FNP De Fryske Marren wolle Olrik fan herte lokwinskje mei dizze persoanlike boppeslach!

 

Olrik sil fan april ôf full-time yn Brussel oan it wurk. Hy is dêr al goed bekend, want Olrik hat yn de perioade fan 1 desimber 2011 oant en mei de ein fan april 2012 as stazjêr by de memmepartij EFA aktyf west. Hy hat doetiids fral polityk en administrative taken útfierd ûnder lieding fan de EFA-pommeranten Günther Dauwen en Eva Bidania Ibargutxi yn it haadgebou fan de EFA yn Brussel.

 

Nei dizze staazje is Olrik aktyf bleaun yn de EFA-kommisje fan de FNP mei ûnder oaren steatelid Sybren Posthumus en âld-steatelid Douwe Bylsma. Fan april fan dit jier ôf wurdt Olrik ferantwurdlik foar de finânsjes, de parsekontakten, de webside en sosjale media en ek it organisearjen fan gearkomsten fan de EFAy.

 

Olrik hearde by in tsiental kandidaten foar dizze funksje. Fiif hjirfan waarden útnoege foar in ynterview yn Brussel. In 6-koppige sjuery stelde har foar, frege eltse kandidaat him of har foar te stellen en der wurden meardere fragen steld. Ek koene de kandidaten sels fragen stelle. De sjuery hat ús witte litten dat der hiel sterke kandidaten wienen en dat it meitsjen fan in kar net maklik wie!

 

Olrik hie him goed tared op it ynterview, hy straalt rêst út en hy lit gjin gers ûnder jins fuotten groeie. Hy waard troch de sjuery dan ek sjoen as de bêste man op it júste plak op it júste momint. De jongereinorganisaasje EFAy hat twa drege jierren achter de rêch en foar 2014 stiet der mooglik in komplete wiziging fan it finansieringssysteem fan de Europeeske kommisje te wachtsjen, wêrtroch de EFAy syn finânsjes gruttendiels ferlieze kin. Olrik moat ûnder oaren foar elkoar sjen te krijen om yn 2014 finansjele middelen te finen. Eventueel kin hy dêr ek in jier ferlenging foar krije. Fierders moat de jongereinorganisaasje yn it ferkiezingsjier in grutte stap foarút meitsje.

 

Wy binne it folslein iens mei it bestjoer fan de EFA(y) dat Olrik de júste persoan is om it jongereinboatsje troch de rûzige see binnen te loadsen, de skipslading op oarder te bringen om sa as EFAy de ambisjeuze reis yn de kommende jierren yn goede oarder te ferfetsjen!

 

Sukses tawinske, Olrik!

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer