Nei de boufraude fan in tal jierren lyn is dizze wet op de oanbestegings kommen, de oerheid (dus ek gemeenten) moast transparanter en ôfstandeliker oanbestede. Dizze Europeeske oanbestegingswet beslacht mear as 300 pagina's. In geweldich boekwurk mar yn de praktyk dreech mei te wurkjen.
It kolleezje moast har oan de regels hâlde fansels, wat Europeesk oanbesteden oanbelanget. Om it ek noch ynnovatyf oan te besteden hat it der net makliker op makke. Noch mear regels en foarskriften.
Wannear is dit allegear begûn?
We moatte dan werom nei 2005/2006, doe is de oanset jûn om te kommen ta in Brede Skoalle op 'e Jouwer. It beslút ta bouwen is nommen yn de perioade 2008/2009 yn it foarige kolleezje (ûnder ferantwurdlikheid fan PvdA wethâlder Walrecht). De kolleezje partijen fan doe (PvdA, CDA) hawwe it idee fan de VVD om dizze oanbesteging ynnovatyf te dwaan omearme en binne mei harren trijen mei in inisjatyf kaam.
Wy hiene as FNP twivels by it beskikber stelde bedrach, mar hawwe ús úteinlik deljûn by de mearderheid, want wy woene ek graach dat de skoalle sa gau mooglik boud waard. Oer it ynnovatyf bouwen wie elk eins wol optimistysk. It idee is dat ûndernimmers sels nei tûke oplossingen sykje. De skoalle wurdt sa net allinne goedkeaper, mar der wurdt ek in better (bygelyks duorsumer en makliker te ûnderhâlden) gebou ta stân brocht.
Us wethâlder Benedictus hat de oanbesteding yn 2010 op syn boardsje krigen en is ambisjeus oan de slach gien. Hy is sa mei de regels omgien dat it der ta laat hat dat net allinne grutte bedriuwen meidwaan koene, mar ek Fryske. Mar de gemeente kin net samar it wurk ûnderhâns oan ien fan Fryske bedriuwen gunne (fanwege Europeeske wetjouwing).
In ekstra motivaasje om de bou troch te setten wie om de ekonomy yn Skarsterlân en de regio in ympuls te jaan. Troch de berjochten yn de Ljouwerter krante foaral soene je de konklúzje lûke kinne dat dit lêste alhiel mislearre is.
60-90% ûnderoanbesteding falt yn regio
Tongersdei hat de riedskommisje in presintaasje hân fan it bedriuw Facilicom dy't it behear docht en Pellikaan dy't de bou docht. Doe waard ek dúdlik dat se foar de bou 60 oant 90% fan lokale oannimmers ynskeakelje en foar it behear sille aanst 100% lokale bedriuwen ynskeakele wurde.
Behear foar 25 jier hat ek positive kanten
Yn de krante waard it behear nochal negatyf beskreaun. Tongersdei hawwe we noch ris heard dat as in bedriuw foar 25 jier ferantwurdlik is, se ynsette op degelike boumaterialen en duorsumens, sadat de ûnderhâldskosten op lange termyn sa leech mooglik bliuwe. Dat is no yn harren eigen belang. Rjocht út rjocht oan bouwe en nei tsien jier net mear oanspraaklik wêze is der hjir net by.
It is efterôf altyd maklik om te sizzen hoe it moatten of oars kinnen hie. Om alles op in rychje te krijen en te sjen wer't de learmominten sitte, hawwe wy mei CDA en PvdA oantrúne op in ûnôfhinklik ûndersyk. Dêr wurde de Fryske oannimmers ek neidruklik by belutsen. Wy wolle no earst de útkomsten fan it ûndersyk / evaluaasje ôfwachtsje.
It kin net sa wêze dat de oannimmers net mei de tiid mei gean hoege en efteroer leune kinne, omdat de opdracht dochs wol komt. As de gemeente Europeeske boetes oplein of miljoenen skeaklaims oan de broek krigen hie, dan hiene we it ek net goed dien! De oannimmers dogge der goed oan en draai harren waarm foar saken dy't der oankomme. Sa as ek de ferbou fan it swimbad en de bou fan in sporthal. Skarsterlân ynvestearret de kommende tiid sa'n 15 miljoen, in soad jild.
Wiis mei prachtige skoalle
FNP-Skarsterlân
wol besykje om it foar de mienskip en foar de bern dy't aanstons in prachtige skoalle
krije it goed te dwaan. De berne-opfang kriget hjir in plakje, de muzykskoalle,
Miks en it gebou krijt in sintrumfunksje foar de buert. Al mei al wurdt it in
skitterjende skoalle. Allegearre leechdrompelige saken dy't wy as FNP wichtich
fine en dy't in plak as de Jouwer ek fertsjinnet.
Fraksje FNP Skarsterlân en De Fryske Marren yo
ôfbylding: buro Bos