Fraach en oanbod
Neffens sifers fan de Recron is fraach en oanbod yn de ferbliuwsrekreaasje yn Fryslân net mear yn balâns. It oantal bungalows is de lêste 10 jier foars omheech gien, mar de fraach lang sa bot net. Noch minder sjocht it der út foar de kampearplakken. Dêr is de fraach sels daald, mar it oanbod wol grutter wurden. Koartsein in ûnevenwichtige merk mei skeef-groei. Koartom: de fisy fan Skarsterlân dy't yn stuts op mear fan itselde wie no al efterhelle.
Bredere scope
De FNP hat nei oanlieding fan de doelstelling om mear wurkgelegenheid te realisearjen pleite foar in bredere scope. Net allinne mar rekreaasje parken mei mear hûskes en sjalets en kampearterreinen.
Neffens ús moat it oanbod ferbrede wurde en dan tinkt FNP/GB oan:
- ambachtsstêd De Jouwer. Dit kin op de kaart setten wurde yn oparbeidzjen mei it MKB en it ambachtsûnderwiis. Rekreative wurkgelegenheid wurdt troch ús yn dit ferbân net allinne mar sjoen as direkt wurk yn rekreaasjeparken en hoareka, mar ek oanfoljend yn ambachten en ûnderwiis.
- in min waar foarsjenning lyk as de Stiennen Flier. Wy pleitsje der foar om it sportyf knooppunt mei ynvestearringen yn de Stiennen Flier sa gau mooglik te realisearjen. De FNP hat yn it ferline al ris de suggestje dien om troch toeristebelesting in keppeling te meitsjen mei koartingskaarten û.o. foar it swimbad. Sa kin de oandacht fêstige wurde op wat wy hjir allegear ha en mear rekreanten oanlûke.
- Wetterfront De Jouwer mei mear libben yn de Kolk. Dizze ûntwikkeling makket De Jouwer oantrekliker foar de wettertoerist. En dat hat útstrieling nei hoareka, winkels en it museum yn benammen de Midstrjitte, it klopjend hart fan de Jouwer.
Fansels binne der mear saken dy't de toeristyske ynfrastruktuer ferbetterje kinne. Bykommend foardiel fan ynvestearringen is dat de lokale ekonomy ek in ynpuls krijt.
Us kolleezje is op dit stuit al drok dwaande mei it útwurkjen fan it konsept fan ambachtsstêd De Jouwer en mei it hjir hinne heljen fan ambachtsûnderwiis. Yn de rânestêd is alles wat mei ‘ambachtelik' of ‘ambacht' te dwaan hat hiel bot yn. Sa slúte jo oan op in lanlike trend en foar Fryslân hawwe we in unyk konsept of tewol: ‘a unique selling point'.
Janke de Vries,
Wiebe Hoekstra,
FNP-Skarsterlân