NIJS   08-11-2012


FNP/GB omtrint sjenswize struktuerfisy Fryslân Windstreek 2012: 'landmark' of 'folly'?

FNP Gaasterlân-Sleat, FNP Skarsterlân en Gemeentebelangen Lemsterland hawwe in reaksje ynstjoerd op de ûntwerp struktuerfisy Fryslân - Windstreek 2012.

frlwindstreekWichtige kritykpunten:

 

1. De Fryske Marren y.o. sette yn op it stimulearjen fan toerisme as wichtige sektor fan ekonomyske groei. Dêr is troch de trije gemeenten de lêste jierren fiks yn ynvestearre. Toerisme wurdt perfoarst net befoardere troch de oanlis fan megaparken mei wynmûnen.

 

2. Romtlike kwaliteit heart hjir as spearpunt by. Us gemeenten ûntliene harren oantreklikheid foar ynwenners en toerist oan de grutte fariaasje oan ferskate lânskippen ticht op elkoar. Grutte wynmounen sille dit lytsskalige karakter oantaaste en wurdt de kwaliteit fan it lânskip opoffere.

 

3. It Untwerp giet der fan út dat der earst keazen wurde sil foar de wunmûnen en dêrnei pas ûndersyk dien wurde sil nei allerhande negative effekten. Dat is de wrâld op syn kop, it hynder efter de wein spanne. As it negative effekten hat foar it toerisme, dan docht it skea oan de Fryske ekonomy. Wege de maatskiplike kosten dan noch wol op foar dizze nije ekonomy?

 

4. Om wat grouwélichs moai lykje te litten wurde it ‘landmarks' neamd. Wy soene it earder beneame as ‘folly's': it heart net thús yn ús lânskip.

 

Hjirûnder ús sjenswize op de ûntwerp struktuerfisy (foar de struktuerfisy, sjoch bylage ûnderoan):

 

"Oan Provinsjale Steaten fan Fryslân,

Postbus 20120,

8900 HM Ljouwert.

 

De Jouwer, 8 novimber 2012

 

Giet oer: reaksje op ûntwerp struktuerfisy Fryslân Windstreek 2012.

 

Achte,

 

Yn dizze brief jouwe wy, as FNP Gaasterlân-Sleat, FNP Skarsterlân en Gemeentebelangen Lemsterland ús reaksje op de ûntwerp struktuerfisy Fryslân - Windstreek 2012.

 

Alle trije de fúzje gemeenten, Gaasterlân-Sleat, Skarsterlân en Lemsterland sette no al bot yn op rekreaasje en toerisme. Sa hat Skarsterlân yn har fisy rekreaasje en toerisme stean dat it stribjen is om de wurkgelegenheid yn dy tak mear groeie te litten as provinsjaal. Ek de nije fúzje gemeente De Fryske Marren y.o. hat yn har fisy stean dat rekreaasje en toerisme in wichtige saak is.

De trije fúzje gemeenten hawwe de lêste tsien jier - yn oparbeidzjen mei Provinsje en mei Europeeske jilden - út eigen budzjet miljoenen ynvestearre yn it Fryske Marren projekt. Mei as doel de groei fan it toerisme te stimulearjen. Nije ynvestearrings, lyk as foar It Havenfront yn Balk en op ‘e Jouwer steane op de priemmen.

 

FNP/GB is bot skrokken fan de omfang fan de saneamde ‘zoekgebieden' dy't neamd wurde yn de ûntwerp fisy Fryslân Windstreek 2012. De wynmûneparken dêr't romte foar jûn wurdt hawwe fanwege de tige grutte turbines fan tsjintwurdich in negative impact op in folle gruttere regio as de lokaasje sels.

Sjoch it ûndersyk ‘Schetsboek Windturbines en Ruimtelijke Kwaliteit' (http://edepot.wur.nl/148982) dat yn opdracht fan trije ministearjes útfierd is (side 12).

Rûnom yn Fryslân sil men dit merke. Wy soene jim dêrom freegje wolle om de nije ûntwerp-struktuerfisy te foarsjen fan in goede 3D-animaasje dy't op eachhichte foar de minsken út de wide omkriten sjen en hearre lit wat de romtlike impact fan de wynmûnen is.

 

De romtlike kwaliteit is in speerpunt foar Fryslân, foar ús yn it bysûnder. It karakter fan de Fryske marren sil bot oantaasten wurde as dizze plannen trochgean. Krekt it lytsskalige mei in grutte fariaasje oan ferskate lânskippen ticht op elkoar makket ús lânskip oantreklik, net allinnich foar toeristen, mar ek foar de eigen ynwenners. Dizze plannen feroarje de skaal fan it lânskip en mei sokke ‘landmarks' - we soene leaver sprekke wolle fan ‘folly's' - wurde skaal en oandachtspunten definityf ferlein. It wichtige besit fan Fryslân moat en mei net ferkwânsele wurde. Mei oare wurden, de hin mei de gouden aaien net slachtsje!

Der binne ommers ek alternativen foar wynmûneparken op it lân. It nije regear wol wynparken op see stimulearje, sjoch regearakkoart side 9, lêste boltsje.

 

De fraach is fierder wat de mienskip hat oan sokke grutte wynparken. Allinne grutte ynvestearders dogge hjir yn mei. En hiel Fryslân moat der ûnder lije.

Boppedat binne der noch de negative effekten foar de omwenners. Sy krije lêst fan it lûd, fan slachskaad en harren útsicht wurdt bedoarn. En dêr troch sil de wearde fan harren huzen ferminderje. Yn in oansjenlik part fan Fryslân sille, as de plannen trochgean, yndustriële aktiviteiten (want dat is it opwekken fan wynenerzjy wetlik sjoen) plak fine mei yndustriële hinder as gefolch.

 

Mar wat FNP/GB de Fryske Marren yn it bysûnder fernuvert is dat der yn it rapport wol alderhande ûndersiken oankundige wurde nei de negative aspekten fan wynmûnen - sjoch side 22 en 23 fan it rapport - mar dat is dan efterôf, wannear't it beslút al nommen is om troch te setten. Miskien binne der dan al ferwachtingen wekt by mooglike ynvestearders. En hoe degelik wurde sokke ûndersiken?

Hoe wurde de minsken kompensearre as se skea hawwe? Krije bygelyks de gemeenten en toeristyske bedriuwen fan de Fryske Marren in part fan harren ynvestearrings werom as bliken docht dat de wynmûnen in negatyf effekt hawwe op it toerisme, in hieltyd wichtiger tak foar ús lokale ekonomy. Of wurdt der mei eachkleppen op ynsetten op de belangen fan de nije ynvestearders en sil alles dêr foar wike moatte? Koartom, as men dit rapport lêst kinne we der gjin fidúsje yn hawwe dat alle belangen goed behertige wurde.

 

Wynenerzjy is boppedat ek net duorsum, it kin net út sûnder subsydzjes. Oer de hiele libbenssyklus fan de wynmûnen besjoen komt der dochs noch in hiele soad CO2 frij. En wynmûnen leverje net allinne elektrisiteit op, mar brûke ek wannear't se bygelyks ôfremme wurde moatte. Boppedat kin wynenerzjy net sûnder konvinsjonele enerzjysintrales.

 

De plannen by it Klaverblêd by It Hearrenfean, sa ticht op Aldehaske, wêr't de rie fan Skarsterlân noch yn oktober 2012 unanym grien ljocht jûn hat foar ûntwikkeling en útwreiding fan in kamping/rekreaasjepark, falle jo wol rau op jo dak. En dan te betinken dat de doarpen yn dizze omjouwing al hiel bot te lijen hân ha fan de jiskebult de Wierde. Moatte we de bewenners hjir wer op ‘e nij opskypje mei in yngripend plan?

 

FNP/GB fersiket de Provinsje dan ek de romtlike effekten foar in gruttere regio om de zoekgebieden hinne better te fisualisearjen. Of noch leaver om der in dynamyske animaasje fan te meitsjen. Wy tinke dat jo dan bewust en motivearre ôf sjen kinne fan dizze grouwélige plannen.

frlwindstreek 

 

Mei freonlike groetnis,

 

Út namme fan FNP Skarsterlân, FNP Gaasterlân-Sleat en Gemeentebelangen Lemsterland,

 

 

Gerda de Vries,

Fraksjefoarsitter FNP Skarsterlân

 

 

Jeltsje Piersma,

Waarnimmend fraksjefoarsitter FNP Gaasterlân-Sleat

 

 

Oppie Riedstra,

Fraksjefoarsitter Gemeentebelangen Lemsterland"

 



Downloads:
Dokumint ûntwerp struktuerfisy fryslân windstreek 2012 (pdf)


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer