Der wurde in tal goede saken troch de trije kolleezjes oan de rieden
foarlein. Sa wurde de sport en subsidiearre ynstellingen foar in grut part
ûntsjoen by de besunigingen. Mar der binne ek saken wêr't de FNP/GB har soargen oer makket.
Om te begjinnen it pas yn 2016 opfieren fan de nijbou foar iepenbiere skoalle It Swannestee yn Langwar. Wy hawwe de Kolleezjes derom de folgjende fraach foarlein:
Wy binne bliid dat oanmelding 21 oangeande de skoalle yn Langwar honorearre is. Rûnom wurdt neamd dat de skoalle yn 2014 ferfongen wurde moatte soe. It stiet no foar 2016 op de Kadernota. Wat binne de konsekwinsjes as it al foar it begruttingsjier 2014 op de Kadernota komt?
Ek hawwe we noed oer de besunigings op wegen en grien. It liket der op dat problemen foarút skood wurde en dat der gjin rekken hâlden wurdt mei ekstra kosten foar de takomst. Us fragen omtrint behear en iepenbiere romte:
1. De besunigingen dy't hjir foarsteld wurde, wat foar algemien effekt hawwe dy op de wurkgelegenheid yn de nije gemeente?
2. Wat betsjut dat foar de minsken dy't wurkleas wurde en dy by ús yn de kaartebak komme? Is der rekken hâlden mei dizze ekstra te ferwachtsjen kosten (graach in ferklearring)?
3. Hoefolle minsken kinne we spesifyk ferwachtsje dy't ûntslein wurde yn it grien en wurdt dizze besúniging ôfwentele op Empatec en AB Fryslân?
4. Kinne wy ferwachtsje dat wy aanst djoere reyntegraasjeburo's ynhiere moatte omdat wy de minsken harren kânsen ûntnommen hawwe? Wat is dan noch it netto te ferwachtsjen effekt fan de besunigingen op termyn?
Dit binne wol de wichtichste fragen fan de yn totaal 27 fragen wêr't wy omtinken foar freegje. We sille der mei elkoar út komme moatte, mar wy sette ús yn foar it belang fan de nije gemeente en har ynwenners.
De bundels Kadernota en Besunigingsfoarstellen fine jo troch hjir te klikken.