NIJS   31-05-2012


FNP sjocht nije mooglikheden tunnel Hollandiastrjitte en ferbettering rûnwei Lemmer (N359)

Yn de riedsgearkomste fan woansdei 30 maaie hat fraksjefoarsitter Gerda de Vries-Suierveld by it omfreegjen de folgjende fragen oan it Kolleezje steld oer de mooglikheden fan in tunnel yn de Hollandiastrjitte (ûnder de A7 troch) en in ferbettering fan de rûnwei om Lemmer (N359):

Kaartsje foarkar fariant Hollandiastrjitte De Jouwer"Foarsitter,

Ik haw in fraach oer in tunnel yn de Hollandiastrjitte, wat finansierre wurde kin mei jild dat lizzen bleaun is foar de spoarferbining It Hearrenfean-Drachten-Grins.

 

Yn de kommisjegearkomste fan jannewaris 2011 is de ried frege om de foarkarfarianten fêst te stellen oer it wegennet rûnom De Jouwer. Der is ek sprutsen oer de foarkar foar in tunnel Hollandiastrjitte. Utstellen fan de Pleatslike Belangen Sint Nyk en Skarsterbrêge om dizze tunnel oan te lizzen yn stee fan in fiadukt hie doe ek de foarkar fan de FNP. It útstel fan de gemeente om har hjirfoar ek yn te setten rjochting projektorganisaasje lake ús dan ek tige oan. Dat soe dan moatte binnen it besteande budzjet.

 

No't wy 24 maaie lêze kind ha dat de spoarferbining It Hearrenfean-Drachten-Grins net troch giet en dat dêr jild lizzen bliuwt foar ynfrastruktuer foar it Noarden, is dit in goeie kâns om no te sjen of't it mooglik is in part fan dat jild te gebrûken foar de oanlis fan in tunnel Hollandiastrjitte, want dit is nei de takomst ta in bliuwende oplossing. Wy hawwe no yn dit trajekt wer in extra kâns en dy moatte wy neffens ús dan ek pakke.

 

Myn fragen hjiroer binne dan ek:

1. Wol it it kolleezje war dwaan om in oanfraach yn te tsjinjen om in diel fan frijkommende jilden fan de spoarferbining te reservearjen foar de tunnel yn de Hollandiastrjitte

 

en foarsitter, ik wol it ek noch efkes wat breder sjen, yn it ramt fan de nije gemeente De Fryske Marren yn oprjochting:

 

2. By De Lemmer leit in grutte winsk om de rûnwei te ferbetterjen. Wy as FNP soenen ek graach sjen wolle dat de stjoergroep fan De Fryske Marren harren yn set om jild frij te krijen foar dizze rûnwei. Soe it kolleezje dat besprekke wolle mei de stjoergroep en war dwaan om dit jild derfoar beskikber te krijen?"

gerda 2010 

Gerda de Vries,
fraksjefoarsitter FNP-Skarsterlân

 

 

It kolleezje hat oanjûn hjir posityf tsjinoer te stean en sil har hjir foar ynsette. Wy hâlde jimme hjirfan op 'e hichte.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer