NIJS   16-06-2010


"Fryslân is de moaiste provinsje"

Fryslân is de moaiste provinsje fan ús lân. Dat fynt de Vereniging Nederlands Cultuurlandschap. Dy organisaasje hat alle provinsjes beoardield op ûnder oare de oanwêzichheid fan natuer en bosk en op it behâld fan it oarspronkelike agraryske karakter.

provinsjefryslanNeist Fryslân wie ek de provinsje Utrecht nomineard. By de útrikking, tiisdeitemiddei yn Amsterdam, liet kommissaris Jorritsma witte wakker op 't skik te wêzen mei de ferkiezing. Jorritsma kundige oan dat fan 't simmer in tal fergese treinkaartsjes útdield wurde sil oan minsken dy't nei Fryslân ta wolle. It binne inkelde reizen, want neffens Jorritsma wol in besiker dy't hjir ien kear is, noait wer werom.

 

De útferkiezing is ûnderdiel wurden fan in grutte promoasjekampanje; de winst wie foar de provinsje en Fryslân Marketing reden om alles út de kast te heljen om noch mear toeristen nei Fryslân te lokken.

 

Harkje nei de reportaazje (1)

Harkje nei de reportaazje (2)

 

Boarne: Omrop Fryslân



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer