NIJS   08-05-2012


Krijt ús nije gemeente wol de goede namme?

Wy hawwe in jier langer de tiid krigen om ien te wurden mei de gemeenten Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân. Dus ek wat mear tiid om in bettere namme foar dy nije gemeente te finen as ‘de Friese Meren’, wat no earst as wurknamme brûkt wurdt. Ha jo in goed idee? Lit it ús witte!

boerdYn de riedsgearkomste fan 6 july 2011 kaam it fisydokumint foar de fúzjegemeente op it aljemint yn ús Skarsterlânse gemeenteried. Dizze fisy is opsteld oan de hân fan petearen mei boargers, ûndernimmers, doarpsbelangen ensafierder. It wie in wike earder al yn de rieden fan Gaasterlân-Sleat en Lemsterland west en yn beide gemeenterieden oannommen. In foarstel fan FNP-Gaasterlân-Sleat om de posysje fan it Frysk fersterke yn de fisy fêst te lizzen koe dêr spitigernôch net op stipe rekkenje.


Wy hawwe it yn Skarsterlân besocht mei in moasje. Hjiryn hawwe de stjoergroep fersocht om meardere opsjes foar de nije gemeentenamme út te wurkjen, wêrfan op syn minst de helte Frysktalich is. Yn it ferfolch trajekt tagelyk mei de ferkiezings foar de nije gemeenteried hawwe wy frege in peiling by de befolking op te setten oer de nije gemeentenamme, sadat de nije ried dêrnei in kar meitsje kin op basis fan maatskiplik draachflak en de identiteit fan de nije gemeente. Alle Skarsterlânse fraksjes, útsein de VVD, hawwe ynstimd mei dizze moasje. It soe moai wêze as wy as FNP dúdlik in namme útsocht ha, foar't der oer stimd wurde moat. Foar fierder berie yn FNP fermidden kinne alfêst wol wat mooglikheden oanrikt wurde:


1. Fryske Marren: as Fryske oersetting fan de wurknamme. Dit is eins in ferkearde beneaming, krekt as soene alle Fryske marren yn de nije gemeente lizze. Boppedat jout it tefolle betizing mei kommersjele en reklame uteringen foar de Fryske marren mei elkoar.

 

2. Trijewâlden: op de kaarten fan de Fryske Bosatlas op siden 27, 42 en 52 is te besjen dat it âlde 'Sevenwolden' oan de westkant bestie út Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân. Soest dus stelle kinne dat ús nije gemeente út trije fan de âlde sân bestiet: Trijewâlden.

 

3. Trijegea: yn de nije gemeente lizze in soad ‘gea-en’, bgl. Sint Jânsgea (Skarsterlân), Bantegea (Lemsterlân) en Aldegea (Gaasterlân-Sleat). Fierder is der al in Ouster Trijegea as sammelnamme fan de plakken Ousterhaule, Ousternijegea en Alde Ouwer en eartiids hiest hjir ek noch Hasker Fiifgea. Sa besjoen soest de nije gemeente dus Trijegea neame kinne as ferwizing nei de trije âlde gemeenten.

 

4. Marrelân: dit soe in ferbettering wêze fan de wurknamme Fryske Marren.

 

3gemeenten5. Mar en Gaast: ús nije gemeente bestiet net allinne út marren; lânskiplik besjoen binne de gaasten (âlde hichten) ek tige nijsgjirrich. Boppedat hawwe wy al in protte gaasten, lykas Rotstergaast, Tsjerkgaast en Gaasterlân. Lânskiplik en toeristysk besjoen docht dizze namme it measte rjocht oan it nije gehiel.

 

It soe wolris ferstannich wêze kinne om yn in lytse groep in advys meitsje te litten en ús leden en sympatisanten yn de 3 gemeenten yn it kiezen te beheljen. Dêrnei soene wy de 2 meast gaadlike nammen nei bûten bringe kinne, wêrby wy útgean fan de logika dat it in Frysktalige namme wurde moat, omdat 2 fan de 3 dat no ek al ha. Ynteresse foar dit groepke? Stjoer ús in berjocht: fraksje.skarsterlanfnp.frl

Kaartsje komt fan gemeente Skarsterlân

 

Dit berjocht is oernommen fanút ús lêtste Nijsbrief nû 45 (klik hjir).

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer