NIJS   30-03-2012


FNP-Skarsterlân komt mei eigen riedsútstel aktualisaasje Frysk Taalbelied

De FNP fynt dat taal en kultuer by útstek de dragers binne fan de eigen identiteit fan ús Fryske mienskip. De gemeente moat yn har taalbelied omtinken jaan oan it stimulearjen en it brûken fan it Frysk en hat hjir in foarbyldfunksje yn. Net allinne yn eigen hûs moat it Frysk stimulearre wurde, mar ek yn de mienskip en yn 't ûnderwiis.

Dêrom, en nei oanlieding fan it koalysjeakkoart en it kolleezjeprogram, hat de FNP fraksje op ‘e nij sjoen nei it ferâldere Frysk Taalbelied en hat de FNP in aktualisearre ferzje opsteld. De ried fan Skarsterlân wurdt foarsteld dizze aktualisearre ferzje Frysk Taalbelied fêst te stellen. Fierder wurdt it kolleezje de opdracht meijûn om dizze aktualisearre ferzje plus in twa-jierlikse evaluaasje fan it taalbelied yn de harmonisaasje yn te bringen. De aktualisaasje fan it Fryske Taalbelied wie al opnommen yn sawol it koalysjeakkoart “Romte foar Skarsterlân” as yn it kolleezjeprogram 2010-2014.

 

Sa as bekend stean ús 3 gemeenten (Skarsterlân mei Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân) foar in harmonisaasjetrajekt. Yn dit harmonisaasjetrajekt wurdt it belied fan de 3 gemeenten op ferskaat mêd ta ien belied makke. Dat jildt dus ek foar it Frysk Taalbelied. It is dan wol fan belang dat datjinge wat wy as gemeente Skarsterlân ynbringe ek sa aktueel mooglik formulearre is.

 

Neffens griffier Beent Keulen fan de gemeente Skarsterlân komt it mar selden foar dat in fraksje sels mei in riedsútstel komt. It riedsútstel stiet op 'e aginda foar de kommisje Mienskipssaken fan woansdei 11 april.

 

Sjoch ek: 'It Fryske Taalbelied yn Skarsterlân' (12 april 2011)



Downloads:
2012-04-25 riedsfoarstel aktualisaasje frysk taalbelied
2012-04-25 riedsbeslút aktualisaasje frysk taalbelied


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer