NIJS   29-03-2012


FNP wol jild mfc yn Sint Jânsgea hâlde

Fraksjefoarsitter Gerda de Vries hat ûnder de lêste riedsgearkomste fan woansdei 28 maart it folgjende oan it Kolleezje frege:

"Foarsitter:

Dit giet oer it reservearre jild foar in multyfunksjoneel sintrum yn Sint Jânsgea. Myn kollega de hear Hoekstra hat it yn de lêste kommisje Wenjen en Wurkjen ek al efkes op it aljemint brocht, mar doe wie de portefúljehâlder der net. Wy ha ek sjen kind dat it op de aginda stiet fan kommende kommisje Mienskipssaken, mar de FNP wol dochs hjir in foarset op jaan troch dit omfreegjen.

 

In multyfunksjoneel sintrum sit der foar Sint Jânsgea net yn. Út de stúdzje dy't útfierd is docht dit bliken. It jild, € 220.000, dat beskikber steld wie foar dit MFC giet no, sa as it kolleezje neffens ôfspraak dwaan moat, werom nei de algemiene middels.

 

Dat in mfc net helber is, betsjut net dat der gjin ferlet fan is yn Sint Jânsgea. Om te bepalen wat wol realistysk en te realisearjen is, is fierder ûndersyk nedich. De FNP is fan miening dat dit ûndersyk trochgean moat. Sint Jânsgea e.o. is in aktive mienskip dy't ferlet hat fan foarsjennings dy't by it doarp en de mienskip passe.

 

De FNP soe der dan ek foar pleitsje wolle om it jild beskikber te hâlden foar Sint Jânsgea, yn elk gefal salang as it twadde ûndersyk rint, en it dus net op foarhân werom floeie te litten nei de algemiene reserves. Dielt it kolleezje dit pleit en is dit mooglik?"

 

De portefúljehâlder frou Schouwerwou hat as antwurd op ús fraach oanjûn dat se dit pleit net dielt, want it kolleezje moat neffens ôfspraak it bedrach werom dwaan nei de algemiene middels. Se sjocht foar de ried wol mooglikheden. De ried kin yn de kommisje Mienskipssaken fan 11 april mei elkoar yn diskusje gean of hja it jild fêst hâlde wolle foar it doarp, salang der in twadde ûndersyk geande is nei oare mooglikheden foar bygelyks in lytser doarpshûs of in doarpshûs/mfc yn in oare konstruksje.

 

VD Zwaag Sintjohannesga Streek 116
Foto: Sint-Johannesga.nl

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer