Mei dizze dizze fúzje fan de trije gemeenten moatte we ús gemeente sûn oer gean litte. Wy merke bygelyks dat de ekonomyske situaasje de lêste twa jier nochal feroare is. Wie der altyd folop fraach nei wentebou en yndustryterreinen, no is de fraach behoarlik werom rûn. Dus minder ynkomsten út it grûnbedriuw dan wêr't op rekkene waard. Hokker risiko's rint Skarsterlân mei harren grûnbedriuw? Betsjut dat we njonken Ljouwert en It Hearrenfean stean wat de oantallen hektaren oan grûnbesit oanbelanget, dat we in te grutte broek oan hân ha? Of hat Skarsterlân harren grûn yn it ferline al foldwaande ôf wurdearre en falt it wat ta?
Wy sille nei tinke moatte oer de takomst. Fan de Twadde Wrâldkriich ôf wiene we wend elk jier wer fia it grûnbedriuw bou- en yndustrykavels út te jaan. It gie troch de tiden hinne altyd wol op en del. Mar sa is der yn Skarsterlân doch hiel wat út de grûn stampt en hat de gemeente der ek fiks oan fertsjinne. No is der sprake fan krimp. Moatte we net ôf fan it groeitinken en ús rjochtsje op kwaliteit en duorsumens? Perfoarst ek mear omtinken ha foar ynbreiding en foar it op peil hâlden fan besteande wenwiken en yndustryterreinen. Dat freget om hegere ynvestearrings dy't faaks sûnder eksterne jilden net realisearre wurde kinne. De útdaging is tûker om te gean mei beheine finansjele middelen en ek mei ús romte.
Want ek yn ús gemeente hat de ekonomyske konjunktuer syn effekt op it bedriuwslibben, dat reagearret troch minder te ynvestearjen of de gelegenheid brûkt om de organisaasje yngripend oan te passen. De minsken binne foarsichtich en hâlde de hân op de knip. En as wy nei Europa en de wrâld sjogge, is it perfoarst ek noch net dúdlik wêr't it hinne giet.
Mar stil sitte as gemeente is foar de FNP gjin opsje. Want der moat wol wat barre de kommende jierren. En yn it belang fan ús ynwenners, moatte we dúdlik wêze, wat we wolle en hoe 't we it dogge. Lokkich hat de gemeente Skarsterlân jild reservearre foar maatskiplik needsaaklike projekten lykas Brede skoalle mei Toanhûs, it Sportyf Knooppunt, mfs Aldehaske en it ferkearsknooppunt De Jouwer. Ynvestearje is wichtich, dit sil bedriuwichheid jaan en wurkgelegenheid. Kin it Kolleezje op dit stuit ek oan jaan yn hoefier we mei dizze grutte projekten op skema lizze?
Tagelyk ha we noed oer hoe it komt mei de finânsjes. It Kolleezje hie as opdracht fan de rie meikrigen dat de begrutting foar 2012 slútend wêze moast. Dêr is it Kolleezje goed yn slagge, al hoewol it lykwicht wif is. Foar 2013 binne we der noch net. Bliuwt it allegear binnen de kaders sa as de rie dy steld hat? Soargelike saken dy 't ús oandacht nedich ha binne ûnder mear de WMO en WWB. De WMO is in post mei in iepen ein, we witte net wat der allegearre barre sil yn in jier. Hoefolle oanfragen der komme, is dreech yn te skatten.
De harmonisaasje is al yn gong set. Dit betsjut dan ek dat nije inisjativen ôfstimd wurde moatte mei de nije fúzjepartners. Dus efkes "pas op de plaats" is hjirfan in logysk gefolch. Mar efkes pas op de plaats betsjut net dat we neat hoege te dwaan. Dat der fan út it kolleezje minder stikken komme fanwege de harmonisaasje, liket ús dúdlik, mar wy as ried kinne (en der ha wy it foech ta) fansels ek sels mei útstellen komme, om dizze ôf te wagen foar dat de beliedstikken rjochting harmonisaasje gean. Ik tink dan bygelyks oan it evenemintenbelied dat dizze moanne noch oanpast wurdt foar it de harmonisaasje yngiet. Sommige beliedstikken kinne we fersoepelje, sa as it evenemintenbelied, mar we kinne ek beliedstikken skerper ynsette foar de harmonisaasje.
Sa kinne we bygelyks sjen nei de fisy toerisme en rekreaasje. Dogge we it noch wol sa goed neffens dizze fisy? Yn de Telegraaf stie inkele wiken lyn dat Center Parks gjin nije fakânsjehúskes mear bouwe wol omdat de merke hjirfoar fol is. Ek de lanlike Recron is it mei dy konklúzje iens. Wat wolle we as Skarsterlân no mei it stimulearjen fan it Toerisme? Mear fan it itselde, it hegere segmint wêr't miskien gjin merke foar is? Fan út it stramyn fan it ferline - hjir wat bouwe, dêr wat bouwe? It liket der op dat we dêr de merke net mear mei winne. Want tiden feroarje.
Miskien moatte we mear ynsette op ideeën rûn it tema Ambachtsstêd De Jouwer? Of rjochtsje wy ús op it Wetterfront en keppelje we dit mei it Sportyf Knooppunt as min-waar fersjenning? Promoasje fan it swimbad soe eventueel keppele wurde kinne oan de toeristebelesting troch it jaan fan koartingsbonnen. Soks is yn Dútslân bygelyks al gebrûklik. En it mes snijt oan twa kanten. Dat binne gedachten dy 't we as ried miskien foar de harmonisaasje nochris mei elkoar beprate moatte.
De FNP hat yn de foarige skôgings oanjûn dat de koalysjes yn Skarsterlân en yn Gaasterlân-Sleat yn harren kolleezjeprogramma's beide keazen ha foar in aktualisearje dan wol evaluaasje en ferromming fan it hjoeddeistige Fryske taalbelied. Nettsjinsteande dat hjir al twa kear posityf op reagearre is troch it Kolleezje is der spitigernôch noch neat bard en wurdt it trochskood nei de harmonisaasje. Wat ús oanbelanget moat ek dit belied, neist dat fan de fisy rekreaasje/toerisme en it evenemintenbelied, noch foar de harmonisaasje op ‘e nij besjoen wurde. En ik nim oan dat ús kollega partijen ek noch wol wat inisjativen hawwe.
Foarsitter,
Ik kom sa oan it ein fan myn betooch,
ik wol graach út namme fan de FNP fraksje it kolleezje fan B&W, de
gemeentesekretaris, de griffy, de amtners en de Rie tank sizze foar al it wurk
wat fersetten is en ek mei de gearwurking it ôfrûne seizoen en harren, mar ek
ússels in soad wiisheid tawinskje yn de kommende tige drokke tiid."
Gerda de Vries,
fraksjefoarsitter FNP-Skarsterlân
Boppesteande tekst is troch Gerda de Vries útsprutsen by de Algemiene Skôgings yn de Riedsgearkomste oer de Bestjoersrapportaazje & de Begrutting 2012 op tongersdei 3 novimber.