De EFA is de politike Europees
Parlemintspartij besteande út rûchwei 35 regionale demokratyske partijen út
mear as tsien Europeeske lannen. De
FNP-fraksje is tige optein mei dit nijs.
Olrik sil as stazjêr yn de
perioade fan 1 desimber 2011 oant 'e mei it ein fan april 2012 polityk en
administrative taken útfiere. Dit bart ûnder lieding fan de EFA-minsken Günther
Dauwen en Eva Bidania Ibargutxi. It sil barre yn it haadgebou fan de EFA yn
Brussel. Ek sil hy ien wike meirinne mei in EFA-lid fan it Europeesk Parlemint. Olrik is ôfstudearre as meester yn de rjochten mei as spesjalisme Ynternasjonaal Rjocht en sil dit goed brûke kinne.
Fraksje en bestjoer fan FNP-Skarsterlân winskje Olrik in soad sukses en wille ta by dit Europeeske aventuer! FNP-Skarsterlân hat no har eigen man yn Brussel.