NIJS   30-10-2011


Gosse Bootsma, fraksjefoarsitter GB Lemsterland, ferstoarn

Woansdei 26 oktober 2011 is Gosse Bootsma, fraksjefoarsitter fan Gemeentebelangen Lemsterland, ferstoarn.

Gosse BootsmaGosse Bootsma hat de lêste jierren de fraksje fan GB lieden en die dat mei entûsiasme en fol ynset. Gosse hat ek tidens de petearen oer de takomst fan de ôfdielingen in wichtige stim hân by it mei-elkoar fierder gean as ien partij yn de nije gemeente. Gosse stie hjir folslein efter. Spitich dat hy it fierdere proses net mear meimeitsje mei. Te betiid is hy ús, mar foaral Gemeentebelangen Lemsterland ûntfallen. Wy winskje de famylje en bestjoer en fraksje fan Gemeentebelangen in hiel soad sterkte ta yn dizze swiere tiden.

 

Bestjoer en fraksje FNP-Skarsterlân

 

 

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer