De yn septimber troch Donner oankundige ynspraakmooglikheden rûnom de grinskorreksje fan Haskerdiken-Nijbrêge e.o. kinne allinne rjochte wêze op it gebiet dat by de grinskorreksje is belutsen. Bewenners fan de gemeente Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en it Hearrenfean kinne sjenswizen yntsjinje. Eventueel yntsjinne sjenswizen sille troch de fúzjegemeenten bondele wurde mar wurde ôfhannele troch it Ministearje. Der hoecht gjin nije beslútfoarming troch de gemeenterieden fan de belutsen gemeenten plak te finen. Troch dizze oanpak ûnstiet der gjin fierdere fertraging fan it fúzjeproses.
Hoewol't men it útstel nei 1 jannewaris 2014 spitich fynt, is de stjoergroep fan de 3 fúzjegemeenten al mei al tefreden oer it resultaat fan it petear. De stjoergroep bestiet út de portefúljehâlders Weryndieling fan de 3 gemeenten, te witten: Willem Hoornstra (foarsitter stjoergroep, boargemaster fan Gaasterlân-Sleat), Dick Stellingwerf (boargemaster fan Lemsterland) en Bé de Winter (wethâlder fan Skarsterlân).
De stjoergroep hâldt fêst oan de beëage datum fan 1 jannewaris 2013 foar de amtlike (organisatoaryske) fúzje, mar de bestjoerlike (politike) fúzje fynt no dus definityf plak op 1 jannewaris 2014. Der ûntstiet dan in gemeente yn it súdwesten fan Fryslân fan rom 50.000 ynwenners, mei as grutste plakken Balk, De Jouwer en De Lemmer. Ek it stêdsje Sleat falt binnen de nije gemeente, lykas it grutste part fan it Fryske Marrengebiet.