NIJS   03-06-2007


FNP-er Hendrik ten Hoeve op 'e nij foar 4 jier keazen yn de Earste Keamer

Troch it minderjen fan it oantal sitten yn de Provinsjale Steaten wie it noch mar de fraach of de OSF-partijen wol genoch Steateleden krigen om tegearre in sit te krijen yn de Earste Keamer. Gelokkich ferlernen de measte partijen net mar wûnen stimmen en behâlden harren iene sit.

Yn Drinte wienen 2 partijen mei in sit, mar troch ûnienichheid en sels foaroan stean wolle dienen wol 5 regionale partijen no mei en it resultaat wie dan ek dat der no net 1 in sit hat. Ek de gemeentebelangen yn Fryslân binne sneuvele troch it lytser meitsjen fan de Steaten, hienen sy yn 2003 noch krekt in restsit no hienen sy te min stimmen. Partij voor het Noorden yn Grinslân en Partij Nieuw Limburg ha 1 sit ferlern en de FNP 2 sitten. Mar yn Utert is der wêr in regionale partij by kaam mei in Steatelid dus dat kompensearret it in bytsje. Yn Seelân ha sy it hyl goed dien, dêr ha sy harren 2 sitten hâlden ûntank it minder oantal sitten yn de Steaten. Al mei al binne der no 13 Steateleden by de OSF partijen en yn 2003 wie dat noch 19.

Foar de FNP is it nijsgjirrich om in "eigen" fertsjinstwurger yn De Haach te hawwen, mar noch wichtiger is dat wy ek de kommende 4 jier wêr de subsydzje krije út de OSF-jilden. De kampanjes en byienkomsten en TV en radio spotsjes en ferkiezingsfolders en oar kampanjemateriaal wurdt foar in grut part betelle mei OSF-jild en dus kinne wy ek de kommende 4 jier wêr flink kampanjefiere om fjirder te groeien.

 


Leden foar de Earste Kamer der Staten-Generaal
Per 12 juny 2007

 

CDA
21 sitten
VVD 14 sitten
PvdA
14 sitten
SP
12 sitten
Christen Unie
4 sitten
GrienLinks 4 sitten 
SGP
2 sitten 
Partij voor de Dieren 2 sitten 
D66 2 sitten 
OSF
1 sit 

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer