De opname fan dizze riedsgearkomste en dus ek it ôfskied is werom te sjen troch hjir te klikken.
"Wy nimme jûn ôfskied fan ús fraksjegenoat Hendrik Boonstra. In man mei it hert op de tonge en in man dy 't de taal fan de boargers sprekt. Dat bliek wol yn de ferkiezingstiid yn 2010 doe't ik as fraksjefoarsitter earst it wurd hie en dêrnei inkele jonge riedsleden it wurd krigen. De hiele seal siet 5 minuten lang mei oandacht nei Hendrik syn betooch te lústerjen.
We hearre wolris fan de minsken dy 't op de publieke tribune sitte, ‘we begripe neat fan wat de ried seit'. De taal dy 't sommige politisy brûke is net altyd de taal dy 't de boarger sprekt. Mar Hendrik is in man dy dit wol docht, koart fan stof, rjocht foar de raap, en der net om hinne draaie, in man in man in wurd in wurd. Mei beide fuotten yn de mienskip, de earen en eagen yn it doarp Sint Nyk. In riedslid wat de jeugd oansprekt, mei troch syn grutte hobby: de musyk.
Foarich jier noch de winnaar fan de sulveren fyts (fan de FNP) omdat hy eltse dei yn waar en wyn op de fyts nei it wurk yn Lippenhúzen giet. In drege baan by jeugdhulp Fryslân, wurkje mei bêrn dy't it och sa dreech ha, sa dreech dat hja net mear thús wenje kinne.
Foar my persoanlik is Hendrik in goed fraksjelid en in freon dy 't sawol foar as efter my stean giet as hy fynt dat ik net goed behannele wurdt. De grutte en lytse reade. Sa no en dan nei in fraksje- of riedsgearkomste even neiprate ûnder it genot fan, dan kamen der somtiden noch kreative ideeën oer de tafel.
Dat Hendrik no stoppet, fine we tige spitich, mar we begripe it wol. En we ha as fraksje respekt foar syn beslút. Want wurk, húshalding en foaral sûnens giet foar alles. Wy winskje Hendrik alle goeds ta foar de takomst en foaral sûnens ek foar syn húshâlding.
Tige tank foar dyn ynset en wy hoopje datst sa no en dan nochris oanskowe silst!"
Gerda de Vries, fraksjefoarsitter FNP De Fryske Marren
Wy ha goed yn ús earen knope wat Hendrik ûnder oare yn syn tankwurd sei. Wy binne noch net fan him ôf. Oer in jier as wat, as de bern wat grutter binne, kinne wy him wer ferwachtsje yn de ried.
![]() |