NIJS   27-12-2006


FNP: Alle skoallen kinne flot in gemeentelike bydrage krije foar de nije Fryske lesmethoade!

Oanpassing subsydzje makket flotte oanskaf fan nije Fryske lesmetoade foar alle skoallen mooglik.
De Gemeente hat mei yngong fan 2006 jierliks € 3.500,- begrutte om de basisskoallen finansjeel te helpen by de oanskaf fan de nije Studio-F lesmetoade.


De FNP fynt it fan grut belang dat alle basisskoallen yn Skarsterlân sa gau mooglik mei dizze nije lesmetoade begjinne. It stribjen moat wêze dat úterlik septimber 2008 alle skoallen foar de groepen 4 oant en mei 8 mei dizze metoade wurkje. De earste skoallen binne septimber 2006 al mei dizze metoade útein set foar de groepen 4, 5 en 7.

De kosten


De kosten fan earste oanskaf fan Studio-F komme foar groep 4 op € 30,- de learling en foar de hegere groepen op € 35,- de learling. Dat materiaal moat 5 jier meikinne. Foar oanfoljende boekjes komt der noch 4 jier € 5,- de learling by. De folsleine kosten foar de nije metoade foar dy 1700 learlingen fan groep 4 oant te mei 8, komt dan foar 5 jier rûchwei op € 85.000,-. Dat is € 17.000,- yn 't jier.De gemeentlike subsydzje-regeling giet út fan in bydrage fan in fjirde part fan de kosten. Dat soe dan € 4.250 yn 't jier wurde, wylst it subsydzjebedrach € 3.500 is. Dêr moat dus € 750,- yn 't jier by. Boppedat as de skoallen hast allegear de earste pear jier al in oanfraach dogge, dan moatte takomstige jierlikse bydragen dus earder oansprutsen wurde. Omdat mooglik te meitsjen hat de FNP desimber 2006 de folgjende moasje oan de gemeenteried foarsteld:


It moat befoardere wurde dat de basisskoallen yn Skarsterlân sa gau mooglik de nije lesmetoade Studio-F foar Fryske taalles oanskaffe en brûke sille. It jierlikse bedrach fan de gemeentlike subsydzje-regeling mei gjin behindering wêze. Wy wolle dêrom oan it kolleezje foarstelle, as de oanfragen dat needsaaklik meitsje om:
1. it subsydzje-budzjet fan takomstige jierren nei foaren te heljen.
2. it jierlikse budzjet sadanich te ferheegjen, dat oan alle oanfragen foldien wurde kin.

Alle partijen koene it hjir mei iens wêze en B&W sille de regeling oanpasse. De skoallen kinne dus mar los. Finansjeel is it gjin probleem mear, omdat de Provinsje ek in bydrage jout en omdat de skoallen fan it Ryk al in jierlikse bydrage krije foar de Fryske les.

Wêrom flotte oanpak?
Fraksjefoarsitter Ronny de Vries sei yn de taljochting dat de skoallen yn Skarsterlân it Frysk hiel ferskillend oanpakke, fan goed oant min. Dat is gjin goede saak. Dêrom is hy bliid mei de nije metoade. It is fan grut belang dat alle skoallen dêr no sa gau mooglik en goed mei begjinne.
De PC-skoallen yn Skarsterlân sille der allegear binnen 2 jier mei los. Dat moat ek it doel fan de iepenbiere skoallen wêze, sei De Vries.
Goede Fryske les sil it taalgevoel fan de bern befoarderje. In bytsje omgrieme mei it Frysk helpt wat dat oangiet net. As de Fryske les goed jûn wurdt, is dat dus net skealik foar it Nederlânsk,mar earder posityf. Boppedat kin it in tige goede opstap wêze nei 3-talich ûnderwiis mei Ingelsk der by yn de lêste groepen.
It is net om 'e nocht dat de 2 proefskoallen yn Skarsterlân foar studio-F, no ek ús earste 3-talige skoallen wurde (Terkaple en Haskerfjild).

As wy it Frysk behâlde wolle, sille de bern it leare moatte. Lokkich wurdt der stadichoan troch de minsken positiver oer tocht. It is ek tige weardefol om yn de tiid fan globalisearing tagelyk wiis te wêzen mei eigen identiteit.

De Vries wie dêrom bliid mei de algemiene stipe yn de gemeenteried. It Frysk is fan ús allegear en meiinoar binne wy der ferantwurdlik foar. Hooplik sil dizze positive stap fan de gemeenteried al ús skoallen stimulearje om it goed oan te pakken.

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer