NIJS 16-09-2006
Ut de Nijsbrief fan september 2006: Smellingerlân út Omrin stapt,.....
As Smellingerlân út Omrin stapt, is dat asosjaal tsjinoer oare Fryske gemeenten.
De Fryske gemeenten binne meiinoar oandielhâlders fan Omrin, it eardere Afvalsturing Friesland. Meiinoar sjogge se ta op it belied fan de direksje. Meiinoar beslute se oer grutte ynvestearringen lyk as hast 10 jier lyn foar de bou fan de skiedings-ynstallasjes (SBI).As Smellingerlân no ynienen út it Omrin-gehiel stappe wol dan kin dat oanmurken wurde as asosjaal gedrach.
Wat is goedkeaper?
Se kinne yn Alkmaar goedkeaper en hawwe har fia relaasjes mei
partikuliere bedriuwen ferliede litten om op in oanbod fan Alkmaar yn
te gean. Alkmaar hat krekt de oven útwreide foar 150.000 ton ôffal. Se
kinne no wol wat ekstra ôffal brûke en hantearje de skerpste prizen yn
Nederlân. Smellingerlân sil ek wol in hiel oantreklik oanbod krigen ha.
Alkmaar hat gemeenten yn Noard Hollân as oandielhâlders en der binne
hiele sterke fermoedens dat dy gemeenten mear betelje as wat
Smellingerlân no oanbean is.
Is it Omrin systeem mei skieding djoerder?
Oaren wolle graach beweare dat Omrin mei syn noch frij nije
skiedings-ynstallaasje op it ferkearde hynder wedde hat. Omrin hellet
ûnder oaren noch sa'n 40% organyske stof út it rest-smoargens. Fia de
fergistings-ynstallaasje wurdt dêr enerzjy út wûn. Yn Alkmaar giet dy
40% mei de oven yn. Waskje en fergiste is lykwols goedkeaper as
ferbrânne. Boppedat kin de skiedings-ynstallaasje brûkt wurde om mear
út it ôffal te heljen. Sa binne der plannen foar de plastyk
drinkflessen. It metaal wurdt al skieden. Alkmaar ferbrânt dat mei, mar
wat dan oerbliuwt fan de metalen is kwalitatyf folle minder. It lânlik
belied giet út fan safolle mooglik skiede en wêrbrûke en dêr foldocht
Omrin dus folle better oan.
Wêrom wol Omrin dan in ferbrâningsoven?
Omdat der op 't heden temin ferbrânings-kapasiteit is, binne de tariven
oan de djoere kant. As Omrin sels in oven bout kinne se it foar eigen
kostpriis ferbrâne en tagelyk it nijste systeem brûke. Mar der binne al
in soad nijbouplannen yn Nederlân. As Smellingerlân it no goedkeaper
kwyt kin, wêrom soe Omrin dat dan letter nét kinne? Alle reden dus om
tige kritysk te bliuwen oer dy bouplannen fan Omrin.
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP