![]() |
FNP-ers yn de plenêre seal fan Europeeske Parlemint.
Yn july 1981
waard de Europeeske Frije Alliânsje (EFA) mei troch de FNP oprjochte.
De earste streekrjochte ferkiezing fan it Europeesk Parlemint wie in
wichtige ympuls om op Europeesk nivo it Europa fan de Regio's te
realisearjen. It biedwurd fan de EFA foar Europa wie en is 'Ienheid yn
Ferskaat'.
Fan begjin ôf oan is de ynset foar kulturele, ekonomyske en politike
selsbeskikking it belangrykste doel. Yn de rin fan de jierren fûnen
hieltiid mear regionale partijen it paad nei de EFA. Troch it
krewearjen fan EFA-Europarlemintsleden is der in protte berikt foar de
eigen taal en kultuer, ûnder oaren yn it ûnderwiis en yn de media. Ek
foar Fryslân is it "Europeesk Hânfêst foar Lytse Kultueren en Talen"
fan grut belang. Der wurdt fûl fochten foar stipe út Brussel wei foar
gebieten dy't troch de lidsteaten útknypt wurde. It wichtichste fynt de
FNP dat ek de Fryske boargers op Europeesk nivo fertsjintwurdige wurde.
Nei jierren fan mei-inoar oparbeidzjen is de EFA groeid nei in
gearwurkingsferbân fan 34 partijen yn Europa. Troch it tanimmende
belang fan de Europeeske Uny fynt de FNP/EFA dat ek de ynfloed fan de
boarger tanimme moat. Om soks te fersterkjen is it wichtich om as
partij op Europeesk nivo meidwaan te kinnen. Dêrom is de EFA yn 2004 yn
Barcelona omfoarme ta in Europeeske politike partij. De FNP is fan
miening dat ek Fryske boargers by de Europeeske ferkiezings stimme
kinne moatte op har eigen Fryske EFA-fertsjintwurdiger yn it Europeesk
Parlemint. Ek moat har eigen fertsjintwurdiger yn it Komité fan de
Regio's. Allinne op dy wize kinne Friezen harsels yn Europa
fertsjinwurdige fiele.
Fierder hat de FNP delegaasje in besite brocht oan it Flaamsk Parlemint
yn Brussel en is ûntfongen op it stedshûs fan Gent troch schepen
(wethâlder) Caluwé fan Spirit.
It Flaamsk parlemint
Fjouwer en heal miljoen Flamingen hawwe 124 folksfertsjintwurdigers
keazen yn it Flaams Parlemint. 118 folksfertsjintwurdigers út it
Flaamske gewest en 6 út it haadstêdlike gewest Brussel.
Spirit (www.spirit.be) is de susterpartij fan de FNP, tegearre mei SP.a
(Socialistische Partij anders) foarmje se in gearwurkingsferbân yn it
parlemint.
De ferdieling fan de sitten:
32 Vlaams Belang
29 CD&V (Christen Democra- tisch en Vlaams)
25 SP.a en Spirit
25 Vlaamse Liberalen en Democraten (VLD)
6 Groenen
6 N-VA (Nieuw-Vlaamse Alliantie)
1 Union Francophone
Janke de Vries, Dunegea