NIJS   01-08-2018


It beliedskader Sinnefjilden

Der is in soad oer sein en wy ha der lang oer praten, mar yn de lêste ried foar de fakânsje (11 july) ha wy dit beliedskader fêststeld. De FNP is der bliid mei, want it is in praktysk hânfet en de gemeente jout sels stjoer oan wêr’t ‘sinnefjilden’ mooglik binne en hoe’t se ynpast wurde moatte, ensaf.



"Draachflak fan omwenners en oandacht foar it lânskip" (FNP de Fryske Marren oer sinnefjilden)

Ambysje

De ambysje fan ús gemeente is grut, it doel is om yn 2030 fossylfrij te wêzen. Der is noch in soad wurk te dwaan ear't it safier is. Sinnepanielen kinne dêr in bijdrage oan leverje en dus is it goed om dan belied te hawwen om der foar te soargjen dat alles goed te plak komt. Troch in soad fragen te stellen en opmerkingen te meitsjen ha wy besocht de puntsjes op de i te setten.

 

Dakken

De dakken falle feitlik bûten dit kader, want se binne net grûnbûn en se kinne sûnder fergunning dellein wurde. Dakken ha wol de earste foarkar, want dat nimt gjin (ekstra) romte yn beslach. Hoe't de earste foarkar stâl jûn wurde sil is net yngreven útwurke. Mar der binne al tasizzingen dien dat it kolleezje syn uterste bêst dwaan sil om it brûken fan dakken oan te moedigjen, te stimulearjen en  ûnder de oandacht te bringen. Wy hâlde de finger oan de pols. Oan it ein fan it jier komt der in oersicht fan wêr't de gemeente no stiet mei sinne-enerzjy, en ek de dakken wurde yn it oersicht meinaam.

 

Enerzjy-miks

Fansels hoecht sinne-enerzjy der net allinne foar te soargen dat De Fryske Marren yn 2030 fossylfrij is. Wy ha der alle kearen wer op wiist dat enerzjy besparje hiel belangryk is en ek bliuwt. Ommers wat je net brûke hoege je ek net op te wekken. En it is ek fanselssprekkend dat net alle heil ferwachte wurde kin fan sinne-enerzjy, in goede ‘enerzjymiks' is needsaaklik, mei dêr yn ek nije, en miskien wol innovative foarmen.

 

Kader oanskerpe

Mar der moatte no wol meters makke wurde en der is belangstelling om saneamde grûnbûne sinnepanielen oan te lizzen. Sa as earder sein moat der ek belied wêze wêr't oanfragen oan toets wurde kinne. Dat kader leit der no en is mei troch ús ynbring hjir en dêr wat oanskerpe.

Wy ha bygelyks warskôge foar ferrommeling fan ús lânskip en ha leaver ien grutter sinnefjild as bygelyks 5 lytskes. Gearwurking tusken lokale enerzjykoöperaasjes kin dêr oan bydrage. Gearwurking sawol romtlik as finansjeel is ûnderdiel fan de romtlike ôfwaging dy't troch it kolleezje makke wurdt by in oanfraach. Ek it draachflak is oanskerpe. By de grutte(re) sinneparken is net allinne sprake mear fan in ynformaasjeferplichting, ek dêr moat sprake wêze fan draachflak fan de omwenners en fansels oandacht foar it lânskip.

 

Sa as al earder sein is, de FNP is bliid dat der no in kader leit dêr't oan toetst wurde kin. Om oerlêst, ferrommeling en it skeinen fan it lânskip safolle mooglik te foarkommen.

 

(ôfbylding komt út dokumint 'Sinnefjilden yn it lânskip', Provinsje Fryslân) 

 



Tags: Enerzjy en duorsumens

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer