?
![]() |
?
|
![]() |
?
?
Tekst : Klaas Bruinsma
Wize : Ludwig von Beethoven, 9de Symfony (Freude, schöner Götterfunken)
Frysk EFA liet (mp3) songen troch de FNP-ers yn it Europeesk Parlemint op 11 maaie 2006 by betinking fan it 25 jierrich EFA jubileum
Eale, frij Alliânsje,
lytse folken sûnder steat,
al hoe fier ek de distânsje,
elts fan jimme is in keat,
yn it keatling fan de folken,
smeid út frije wil ta bûn.
As in bôge yn de wolken,
stean jim op Europa's grûn.
Eale, frij Alliânsje,
hâld it heech, jim ideaal:
foar elts lyts folk de garânsje -
't rjocht op eigen aard en taal.
Wês yn sterk en moedich stribjen
't hoopfol teken en de tolk
fan de romt' en 't rjocht op libjen
foar elts frijheidleavjend folk.
Lytse folken fan Europa,
yn it grutte parlemint
binn' jim 't liet fan nije hope,
dat it âld gekreau oerwint.
Striid de striid foar rjocht en rede
yn in goed' en golle geast.
Stribje woltier nei en frede
dan binn' jim de takomst treast.