NIJS   11-04-2006


Grutte ferbrâningsoven De Wierde past net yn de FNP-fisy fan minder groei en mear kwaliteit

Der gong al in pear moanne praat fan plannen fan Omrin (It eardere Afvalsturing Friesland) om in grutte ferbrâningsoven te bouwen by De Wierde yn Aldehaske. FNP en ChristenUnie hiene krekt besletten om der fragen oer te stellen oan B&W, doe 't der ferhalen oer yn de krante kamen.
De gemeenteriedsleden wisten dus fan neat. It kolleezje fan B&W seit dat se ek fan neat wisten. Dat is op himsels al frjemd want Omrin praat al in skoft op fertroulike basis mei Doarpsbelangen en omwenjenden.


Der gong al in pear moanne praat fan plannen fan Omrin (It eardere Afvalsturing Friesland) om in grutte ferbrâningsoven te bouwen by De Wierde yn Aldehaske. FNP en ChristenUnie hiene krekt besletten om der fragen oer te stellen oan B&W, doe 't der ferhalen oer yn de krante kamen.
De gemeenteriedsleden wisten dus fan neat. It kolleezje fan B&W seit dat se ek fan neat wisten. Dat is op himsels al frjemd want Omrin praat al in skoft op fertroulike basis mei Doarpsbelangen en omwenjenden. De gemeente is oandielhâlder fan Omrin en de wethâlder fan miljeu hat sit yn it bestjoer fan de Omrin. It is tige ûnfatsoenlik fan de direksje fan Omrin tsjinoer it gemeentebestjoer harren net foarôf te ynformearjen. Mar hoe dan ek, no 't it nei bûten kommen is, komme B&W net fierder as "wij zijn zeer terughoudend". Spitich dat it kolleezje net daliks dúdlik nee sein hat en de ynwenners de earste klap opheine lit.
It past yn alle gefallen net yn de FNP-fisy fan kalm oan mei de groei en stribje nei mear kwaliteit.

Wêrom soe it moatte?
It is wier dat der op 't heden temin ferbrâningskapasiteit yn Nederlân is. Dêr stiet tsjinoer dat der no ek al útwreidingsplannen lizze foar sa'n 3 miljoen ton. Dy plannen sille wol net allegear trochgean, mar de 200.000 ton dy't Omrin dan sels ferbrâne wol, moat dêr wol yn te passen wêze. It kapasiteit tekoart is boppedat yn it Noarden lang net sa knipend as yn it Westen. Oant no ta bringt Omrin it ôffal dat ferbrând wurde kin nei Wijster. Datselde Wijster stiet op it punt om mei de MER-prosedueres te begjinnen foar in útwreiding fan sa'n 200.000 ton. Se kinne dan oer in pear jier útwreidzje, mar se binne der sels noch net wis fan at se dat dan dwaan wolle. Fierder lizze der plannen foar Coevorden en Delfzijl. Dat is net flakby, mar Omrin hellet sels ek al in part fan it ôffal út dy provinsjes.

Modernisearring fan De Wierde wie bedoeld om minder te ferbrânen.
De fernijingen fan De Wierde ta Ekopark, mei ûnder oaren de skiedingsynstallaasjes, wienen bedoeld om folle minder ôffal oer te hâlden foar ferbrâning. It is frjemd om dan no mei it plan te kommen om sels op de Wierde ferbrâne te wollen.
It kin ek gjin kwea om efkes weromsjogge yn de histoarje. Yn de jierren doe't Omrin as gearwurkingsorgaan fan de Fryske gemeenten noch OLAF hjitte, hat se har swier fertild oan grutte projekten. De eksploitaasje en de sanearring fan de ferbrâningsoven yn Ljouwert hat noch lang miljoenen koste. De gemeenten hawwe har doe foarnommen om nea wer oan risikofolle grutte projekten mei te dwaan. Omrin mei dan no mear privatisearre wêze, mar de gemeenten hawwe der noch wol direkt mei te krijen.

It is noch net safier
Omrin is sels ek noch net wis fan de needsaak fan in eigen ferbrâning.
It is ien fan de opsjes en dy kin lein wurde nêst de mooglikheden fan kontrakten of gearwurkjen mei oaren. Meidwaan yn de útwreiding fan Wijster liket dan it meast logyske. Wijster is fan Essent, dus dat sit mei de enerzjywinning ek wol goed en it is gjin ûnbekende foar ús.
Lit dy piip fan 80 meter (4 x sa heech as de bult) dan mar moai oan De Wierde foarby gean!



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer