Oernommen fan FNP.nl:
Ultsje Hosper fan Oerterp stelt him kandidaat foar it
foarsitterskip fan de FNP. Dat hat it haadbestjoer fan de FNP sneon op de
FNP-Nijjiersgearsit op De Lemmer bekend makke. De ledegearkomste fan de Fryske
partij beneamt yn maaie in opfolger foar Nynke Beetstra dy't dan oan de ein fan
har twadde termyn kaam is.
Hosper is in bestjoerlik swiergewicht mei in grut netwurk. Hy waard in bekende Fries troch syn wurk as biolooch en direkteur fan It Fryske Gea, in funksje dy't hy ferfolle fan 1980 oant syn pensjoen per 1 jannewaris 2012.
Hosper hat oanjûn graach wat betsjutte te wollen foar Fryslân, de Friezen en de Fryske kultuer. De FNP is neffens him de ienige partij dy't echt foar Fryslân opkomme kin. De oare partijen moatte allegear dwaan wat har haadkantoar yn De Haach seit.
Sjoch ek op 'e side fan Omrop Fryslân en harkje dêr nei it ynteview mei Nynke Beetstra en Ultsje Hosper. En der is ek in item te sjen op Omrop Fryslân TV yn Hjoed.