It ferskil fan miening oer it ûnderwerp sânwinning yn ’e Iselmar is hjir de reden fan. Oant de simmer fan 2018 hat de FNP fan miening west dat de sânwinning in beklonken saak wie (it giet troch, omdat de minister oars yngrypt). Wy hawwe dit ek oanjûn oan de koalysjepartners CDA en VVD. Mar fanôf medio 2018 hat bliken dien dat it gjin beklonken saak wie. Boppedat binne natuerorganisaasjes, saakkundigen en ynwenners (mei mear as 15.000 hântekenings) mei in tsjinlûd kaam op basis fan goeie arguminten.
Net foar neat ha wy as ried in nije fergaderstruktuer opsetten, sadat ynwenners en belutsenen meiprate kinne. By it earste it bêste wichtige dossier (sânwinning) wurdt manmachtich gebrûk makke fan dizze gelegenheid. De FNP fynt dat de polityk hjir net omhinne kin. Dit hat oanlieding west om ús stânpunt te heroerwagen. Wannear soks net mooglik wêze kin, meie jo de fraach beantwurdzje of ynspraak dan noch sin hat.
It is net út te lizzen dat hjirtroch ús partij as ûnbetrouber delsetten wurdt. It kin dus sa wêze dat aanst twa betroubere hurdwurkjende wethâlders fuortstjoerd wurde omdat ús fraksje lústert nei de ynwenners.
Lykwols hat de troch de koälysjepartners oankundige breuk foar ús gjin reden west om dochs noch foar de sânwinning te stimmen. Om mei de wurden fan Jan Volbeda te sprekken: “Leaver mei in rjochte rêch oer de dyk, as mei in kromme bealch yn it plús!”
de FNP-fraksje